Amerikaanske Kapitoalplysje | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | United States Capitol Police ("Amerikaanske Kapitoalplysje") |
ôfkoarting | USCP |
lân | Feriene Steaten |
oprjochte | 1828 |
falt ûnder | it Amerikaanske Kongres |
doel | beskerming fan it Kapitoal en fan 'e leden fan it Kongres |
sifers | |
wurknimmers | 1879 plysjeminsken (2021) 300 man ûnderstypj. stêf (2021) |
jierliks budget | $708 miljoen (2023) |
oar | |
webside | www.uscp.gov |
De Amerikaanske Kapitoalplysje (Ingelsk: United States Capitol Police) is in Amerikaanske federale plysjetsjinst dy't ta taak hat om it Amerikaanske Kapitoal yn Washington, D.C. en de leden fan it Amerikaanske Kongres, dat yn it Kapitoal residearret, te beskermjen. It is de iennichste plysjetsjinst dy't ûnder de wetjaande macht fan 'e Amerikaanske oerheid ressortearret. De Amerikaanske Kapitoalplysje bestiet sûnt 1828 en kaam yn 2021 wrâldwiid yn it nijs fanwegen de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal.
De skiednis fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje giet tebek oant 1801, doe't it Amerikaanske Kongres, it parlemint fan 'e Feriene Steaten, ferhuze út 'e tydlike haadstêd Philadelphia nei it ree kommen Amerikaanske Kapitoal, it parlemintsgebou yn 'e nije, permaninte haadstêd Washington, D.C. Doedestiden koe it dermei ta om ien inkele bewekker oan te stellen om it gebou en it oerheidsbesit yn it gebou te befeiligjen.
De Amerikaanske Kapitoalplysje as organisaasje waard op 2 maaie 1828 oprjochte troch it Amerikaanske Kongres, nei't John Adams II, de soan fan presidint John Quincey Adams, yn 'e Kapitoalrotonde (it diel fan it gebou rjocht ûnder it koepeldak) oanfallen wie. De oarspronklike taak fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje wie om it Amerikaanske Kapitoal fan befeiliging te foarsjen. Neitiid waard dat foech útwreide nei it beskermjen fan 'e yndividuele leden fan it Amerikaanske Kongres, ek as dy har bûten it Kapitoal befine.
Yn 1979 krige de Amerikaanske Kapitoalplysje foar it earst in eigen plysjekommissaris; foartiid wie dy rol altyd ferfolle troch in ofsier fan 'e Metropolitaanske Plysje fan Washington, D.C. (sis mar de gemeenteplysje fan 'e Amerikaanske haadstêd). Yn 2009 gie de Kongresbibleteekplysje (Library of Congress Police) fan 'e Kongresbibleteek, dy't oant dy tiid selsstannich west hie, op yn 'e Amerikaanske Kapitoalplysje.
Yn 1998 kamen twa leden fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje om by in sjitpartij yn it Kapitoal, wêrby't in mei fjoerwapens bewapene ynkringer it foarsjoen hie op it Republikeinske lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Tom DeLay. Ien fan harren waard deasketten doe't de ynkringer in kontrôlepost yn it Kapitoal forsearre en de oare doe't er it kantoar fan DeLay ynkrong. Foàr 2021 wiene mar twa oare (dus yn totaal fjouwer) leden fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje by de útoefening fan harren funksje omkommen.
Op 6 jannewaris 2021 waard it Amerikaanske Kapitoal bestoarme troch in kliber fan tûzenen ekstremistyske oanhingers fan 'e útgeande Republikeinske presidint Donald Trump, dy't yn novimber fan it jier dêrfoar de Amerikaanske presidintsferkiezings ferlern hie fan 'e Demokraat Joe Biden. Trump wegere him by de ferkiezingsútslach del te lizzen, en op 'e dei dat it Amerikaanske Kongres de útslach fan it Elektoraal Kolleezje formeel bekrêftigje soe, holden Trump en syn bûnsgenoaten in grutte demonstraasje yn it sintrum fan Washington, D.C.
Oprokkene troch taspraken fan Trump sels en û.o. âld-boargemaster fan New York Rudy Giuliani, bestoarmen de demonstranten it Kapitoal, dêr't se Amerikaanske Kapitoalplysje ûnder de foet rûnen, it parlemintsgebou binnenkrongen en dêr fernielings oanrjochten. Mear as 50 leden fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje en fan 'e te help kommen Metropolitaanske Plysje fan Washington, D.C. rekken dy deis ferwûne, wylst ien fan 'e demonstranten deasketten waard doe't se besocht in ôfsletten romte binnen te kringen en trije oaren it libben lieten doe't se yn it gedrang troch oaren platdrukt waarden. Dat der gjin leden fan it Kongres lyncht waarden troch de meute wie inkeld te tankjen oan it yngripen fan beskate leden fan 'e Kapitoalplysje, dy't de ûnderskate Kongresleden en fise-presidint Mike Pence, dy't yn syn hoedanichheid fan foarsitter fan 'e Amerikaanske Senaat ek oanwêzich wie, nei feilichheid laten. Nei ôfrin waard de bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal rûnom (hoewol net troch Trump-oanhingers) erkend as in foarm fan binnenlânsk terrorisme en in mislearre steatsgreep.
Mei't de Amerikaanske Kapitoalplysje net taret wie op 'e bestoarming, wylst der yn 't foar mank Trump-oanhingers en oare rjochts-ekstremisten op 'e sosjale media dagenlang oproppen ta sok dwaan sirkulearre hiene, moast Steven Sund, de doetiidske kommisaris fan 'e Kapitoalplysje, opstappe. Acht oare leden fan 'e tsjinst waarden op non-aktyf set yn ôfwachting fan in beoardieling fan harren funksjonearjen foarôfgeande oan, resp. ûnder de bestoarming. Yn 'e wiken dy't folgen op 'e bestoarming diene ferskate leden fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje selsmoard om't se yn psychyske need rekke wiene troch it opdwaan fan in posttraumatysk stress-syndroom, en ek troch bleatstelling op 'e sosjale media oan net-ôflittende oanfallen op harren troch Trump-oanhingers.
Op 2 april 2021 brûkte in man dy't neitiid identifisearre waard as in Noah Green syn auto om yn te riden op twa leden fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje dy't op wacht stiene by in barrikade deunby it Kapitoal. Ien plysjeman, Billy Evans, kaam dêrby om it libben, wylst syn kollega yn it sikehûs belâne. Green sei neitiid dat er it slachtoffer wie fan "ferstânsbehearsking" troch in mysterieuze trêde partij.
It rjochtsfoechgebiet fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje beheint him ta it Amerikaanske Kapitoal mei de byhearrende tunen, paden en gazons, de oanbuorjende kantoaren fan 'e leden fan it Amerikaanske Kongres en it gebou fan 'e Library of Congress, de Kongresbibleteek. Dat gebiet beslacht in oerflak fan 1,1 km², wêrfan't de bûtenromte fan it Kapitoal 0,2 km² (oftewol 2 hektare) útmakket. It gebiet dêromhinne is it rjochtsfoechgebiet fan 'e Metropolitaanske Plysje fan Washington, D.C., behalven de National Mall, dy't ûnder de jurisdiksje fan 'e Amerikaanske Parkplysje falt.
De Kapitoalplysje hat ek foech bûten it eigen rjochtfoechgebiet, mar inkeld wat de befeiliging oangiet fan 'e foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, de fraksjefoarsitters en oare lieders fan sawol de Republikeinske Partij as de Demokratyske Partij yn it Hûs fan Offurdigen en de Amerikaanske Senaat, en oare, yndividuele leden fan it Kongres ôfhinklik fan 'e fraach oft der yn harren gefal in oannimlike bedriging bestiet dy't sa'n befeiliging needsaaklik makket. De foarsitter fan 'e Senaat, dat de fise-presidint fan 'e Feriene Steaten is, wurdt net befeilige troch de Kapitoalplysje, mar troch de Secret Service.
De Amerikaanske Kapitoalplysje ressortearret ûnder it Amerikaanske Kongres en is de iennichste plysjetsjinst dy't ûnder de wetjaande macht fan 'e Amerikaanske oerheid falt. It direkte en deistige tafersjoch op 'e Amerikaanske Kapitoalplysje wurdt útoefene troch de Kapitoalplysjekommisje (Capitol Police Board), dy't oansteld wurdt troch it Kongres.
Oan it haad fan 'e ynterne organisaasjestruktuer fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje stiet in plysjekommissaris, dy't bystien wurdt troch in assistint-plysjekommissaris foar unifoarmearre operaasjes en in administratyf haadofsier. Dêrûnder falt de Kapitoalplysje útinoar yn likernôch 18 ûnderskate ôfdielings mei (anno 2021) yn totaal 1879 plysjeminsken, oanfolle troch in ûnderstypjende stêf fan 300 boargers. De plysjetsjinst hat sûnt 2005 ek in eigen ynspekteur-generaal, dy't streekrjocht rapportearret oan 'e Kapitoalplysjekommisje.
rang | ynsynje | opmerkings |
---|---|---|
chief of police | "plysjekommissaris" | |
assistant chief of police | "assistint-plysjekommissaris" | |
chief of operations | "kommissaris fan operaasjes" | |
deputy chief | "plakferfangend plysjekommissaris" | |
inspector | "ynspekteur" | |
captain | "kaptein" | |
lieutenant | "luitenant" | |
sergeant | "sersjant" | |
corporal | "korporaal"; | |
private first class | "plysjeman earste klasse"; | |
private with training | "plysjeman mei training"; | |
private | gjin ynsynje | "plysjeman"; |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|