Ankeveen

lizzing Ankeveen
tsjerke Ankeveen
Regthuis Ankeveen
Ankeveen
Ankeveen
Ankeveense Plassen

Ankeveen is in plak yn de gemeente Widemarren yn de provinsje Noard-Hollân.

It doarp hat 1530 ynwenners (2004) en twa tsjerken. De roomske tsjerke is fan 1928 en is wijd oan de hillige Martinus. De protestantske tsjerke wurdt net mear brûkt.

Ta Ankeveen hearre ek de bûten de eigentlike buorren lizzende Herenweg en Cannenburgerweg, wêrfan de bebouwing direkt oanslút op dy fan Grevelân.

Ankeveen hat in aktyf ferieningslibben. Der is jierliks in optocht mei karnaval; it doarp neamt harsels dan 'Schuimlikkerveen'. By iisrike winters komme in soad minsken nei Ankeveen om te riden: der is in natueriisbaan en de iisklup set tochten út op de Ankeveense Plassen. Ek sit yn Ankeveen op it terrein De Molen de naturisteferiening Amsterdamse Lichtbond (ALB). Op inisjatyf fan de Stiching Bruisend Ankeveen is der ûnder oare elke sneon in merk op it plein by de tsjerke.

Yn de eardere poldermole Hollandia sint tsjintwurdich in restaurant.

De Ankeveense Plassen ten westen fan it doarp binne feanplassen dy't ûntstien binne troch turfwinning. Utsein op redens of mei in ekskurzje fan eigener Natoermonuminten is it wetter fan it natoergebiet net tagonklik. Der binne wol wannelpaden útsetten sadat tusken de plassen troch kuiere wurde kin.

De eerste fermelding fan de namme Ankeveen komt út it jier 953. De parochy Ankeveen heart dan ûnder de memmetsjerke, de "matrix Ekklèsia", fan it aartsbisdom Utert. It wie Otto I kening fan Dútslân dy't yn 953 de grutte moerasgebieten ta ûntginning oan biskop Balderik (917/8-975) joech.

Yn de nammejouwing fan de haadstrjitte is werom te sjen dat it doarp op de grins lei fan Utert en Hollân. It súdlike diel hjit Stichts End; dat diel fan it doarp lei oant en mei septimber 1819 yn de provinsje Utert (Sticht = Sticht Utert) en wie dêrnei oant 1966 in selsstannige gemeente yn de provinsje Noard-Hollân. It riedhûs, it 'Rechthuis', stiet op de hoeke fan it Stichts End en de Stichtse Kade, op de râne fan de âlde gemeentegrins. It noardlike diel fan de doarpsstrjitte hjit Hollands End; oant 1966 wie dit in diel fan de gemeente Weesperkarspel. Yn 1966 gienen beide dielen fan it doarp op yn de gemeente Grevelân, dy't yn 2002 op har beurt opgie yn de nije gemeente Widemarren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: