Antoinette Bourignon de la Porte (Risel, 13 jannewaris 1616 - Frjentsjer, 30 oktober 1680) wie in Waalsk mystika en avontuerierster, dy't ferkundige dat de ein fan de tiid rillegau komme soe en dat dan it Lêste Oardiel útsprutsen wurde soe. Antoinette Bourignon wie der fan oertsjûge dat sy troch God útkard wie om it wiere kristendom op ierde op te helpen en waard de sintrale figuer fan in spiritueel netwurk dat him oant oer de grinzen fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen uitstrekte, ûnder oaren Holstein en Skotlân. Bourignons sekte behearde ta de spiritualistyske bewegings dy't wol oantsjut wurde mei de "Tredde macht".