Arnold Aletrino | ||
![]() | ||
![]() | ||
Aletrino, portret troch Jan Veth | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | P.A. Saaije Azn., Karl Ihlfeldt | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 1 april 1858 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 17 jannewaris 1916 | |
stjerplak | Montreux | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk, Frânsk | |
sjenre | Koart ferhaal, novelle, essay | |
streaming | naturalisme | |
offisjele webside | ||
DNBL-profyl |
Arnold Aletrino (Amsterdam, 1 april 1858 - Chernex sur Montreux, 17 jannewaris 1916), ek wol bekend as Aäron Aletrino, wie in Nederlânsk skriuwer fan Sefardysk komôf, soan fan Salomon Aletrino en Selima Pineda. Aletrino publisearre oer homoseksualiteit yn 't Nederlânsk en Frânsk. Hy hearde by de Tachtigers, dy't neat hawwe moasten fan de fromme 19e-iuwske poëzy en proaza.
As studint medisinen yn Amsterdam kaam Aletrino yn 'e kunde mei de Tachtigers Willem Kloos, Lodewijk van Deyssel, Frederik van Eeden en oaren. Hy waard lid fan it literêr genoatskip Flanor, by wa't er 1885 syn earste ferhaal "In 't donker" foarlies. Dat soe in jier letter yn De Nieuwe Gids publisearre wurde. Fan 1910 oant 1912 wie er redakteur fan dat tydskrift.
Hy studearre ôf yn 1886 en promovearre yn 1889; hy waard dêrnei gemeentedokter en dokter fan de brânwar yn Amsterdam, en kaam sadwaande yn de kunde mei de earmste lagen fan de befolking. Yn 1891 troude er mei Rachel Mendes da Costa, dy't harsels tekoart die yn 1897. In jier letter boaske er oan Emilie Julia van Stockum.
It lêste part fan syn libben wie Aletrino syklik en rekke er dêrtroch ferslaafd oan morfine. Hy ferhuze mei syn wiif nei Switserlân, dêr't er yn 1916 ferstoar.
Yn 1899 krige er in universitêre oanstelling as lektor yn de kriminele antropology. Mei sy praktyske ûnderfining, stúdzjes en foardrachten wie er in paadsljochter op medysk-sosjaal mêd. Hy wie ien fan de pleiters fan de homoseksualiteit op in kongres yn 1902. Aletrino waard eare as in betûft en humanitêr wittenskipper. Yn 1903 besocht er mei Magnus Hirschfeld yn Berlyn in tal plakken dêr't homoseksuelen byinoar kamen; dat barren die er ferslach fan yn de brosjuere Hermaphrodisie en uranisme (1908).
Aletrino wie in skriuwer fan by útstek trystige literatuer. Hy waard ynspirearre troch it Frânske Naturalisme en fûn genôch stof yn syn deprimearjende artsepraktyk. Oan 'e oare kant skreau er ûnder pseudonym fan P.A. Saaije Az. de foarrede fan Frederik van Eedens ironyske gedicht Grassprietjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arnold Aletrino fan Wikimedia Commons. |