Barnflair

Barnflair
Lokaasje Barnflair yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Lokaasje Barnflair yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 250
Oar
Koördinaten 52° 51' NB, 7° 5' EL

Barnflair is in buorskip yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân en falt ûnder Ter Apel

It plak leit besuden Ter Apel en is mei dat plak ferbûn troch de lintbebouwing by it Ter Apelkanaal del. Tusken Barnflair en Ter Apel lizze de arbeiderswiken Burgemeester Beinsdorp en Agodorp.

It plakje waard bekend om't der in grinsoergong mei Dútslân is.

De namme betsjut "baarnende fean", dêr't barn brân betsjut en fleer betsjut leechfean. It wurdt ornaris útsprutsen as Barnfleer. De Frânske skriuwwize komt wol mear foar by Grinslânske plaknammen lykas Bourtange en Usquert.

Oerbliuwsels fan de redûte De Batterij yn Barnflair

Yn Barnflair binne noch de oerbliuwsels fan in fjildskâns (redûte), de Batterij neamd, dy't yn 1798 oanlein waard. By de oanfal fan biskop Kristoffel Bearend fan Galen yn de Earste Múnsterske Kriich bliek dat it gebiet besúdeasten Ter Apel slim te ferdigenjen wie, om't it feangebiet foar in grut part drûchfallen wie. Nei dy kriich waard yn 1666 in skâns by Ter Apel boud. Yn 1798 waard dy skâns útwreide mei in redûte yn Barnflair. Dy redûte foarme in part fan de ferdigeningsliny fan Coevorden oant Nijeskâns. Troch it opheffen fan de Earste Liny fan de Iems yn 1851 ferlearen de fêstings en de skânzen harren funksje en waarden ôfbrutsen of rekken yn it neigean.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
· · Berjocht bewurkje