Barradiel | |
---|---|
It plattelân fan Barradiel mei yn 'e fierte de Toer fan Furdgum. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Barradiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Seisbierrum |
grutste plak | Minnertsgea |
ynwennertal | 6.657 (1980)[1] |
befolkingstichtens | 109,0 / km² |
oerflak | 61,10 km²[2] |
tal doarpen | 8 (oarspr. 9) |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Barradiel |
1971 | ferlies Almenum en Mullum[3] |
opheft | 1984 |
opgien yn | Frjentsjerteradiel It Bilt Harns |
no part fan | De Waadhoeke Harns |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
Barradiel (Nederlânsk en offisjeel: Barradeel) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, oan 'e kust fan 'e Waadsee. Dizze gemeente hie yn 1980 in befolking fan 6.657[1] minsken, en besloech in oerflak fan 61,1 km².[2] Barradiel bestie as bestjoerlike ienheid al fan 'e fjirtjinde iuw ôf en omfieme ûnder mear de krite fan De Bjirmen.[4] De gemeente hie in dúdlik eigen identiteit ûntwikkele, mei in eigen, justjes ôfwikende foarm fan it Klaaifrysk: it Bjirmsk. Der bestie dan ek fûleindich ferset tsjin 'e plannen om 'e gemeente op te heffen, mar ta einbeslút mocht dat net bate en gie Barradiel yn 1984 fierhinne op yn it nije Frjentsjerteradiel, wylst lytsere dielen taheakke waarden oan It Bilt en Harns.[1]
Barradiel lei yn it noardwestlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, mei yn it noarden en noardwesten in kustline oan it Waad. It hearde ta de Klaaistreek en dêrbinnen ta de Bouhoeke. It omfieme de krite fan De Bjirmen, en besloech in oerflak fan yn totaal 61,1 km².[2] Yn it noardeasten waard de gemeente begrinzge troch It Bilt, yn it easten troch Menameradiel, yn it súdeasten troch it Noardertrimdiel fan it âlde Frjentsjerteradiel, yn it suden troch de gemeente Frjentsjer en it Sudertrimdiel fan it âlde Frjentsjerteradiel, en yn it súdwesten troch de gemeente Harns.[1] Foar 1971 waard Harns oan 'e lânkant hielendal troch Barradiel omjûn en hie Barradiel yn it uterste súdwesten ek in koarte grins mei Wûnseradiel.[3]
Barradiel omfieme acht doarpen. It haadplak wie Seisbierrum, en de oare doarpen yn 'e gemeente wiene: Easterbierrum, Furdgum, Kleaster-Lidlum, Minnertsgea, Pitersbierrum, Tsjummearum en Winaam.[5] Foàr 1971 hearde ek Almenum ta Barradiel.[3] Fierders makken teffens de buorskippen Dykshoeke, Koehoal en Roptasyl ûnderdiel út fan Barradiel.
Barradiel ûntjoech him út 'e Gritenij Barradiel, dy't yn 'e rin fan 'e fjirtjinde iuw út 'e Frjentsjerter Fiifdielen ûntstie, krekt as de gritenijen Baarderadiel, Hinnaarderadiel, (âld) Frjentsjerteradiel en Menameradiel.[2] De krite waard lange tiid tekene troch de striid tsjin it wetter, dy't noch altyd sichtber is yn 'e 'rigen' seediken efterinoar. Yn 'e trettjinde en fjirtjinde iuw sloegen stoarmfloeden hiele stikken fan it kustgebiet fuort. Sa ferdwûnen ek de eardere doarpen Westerbierrum en Dyksherne ûnder de weagen.[1][6]
Yn 'e resintere tiden waard er bûten de saneamde 'Alde Dyk', no bekend as de Hoarnestreek, wer wat gebiet op 'e see weromwûn, mar boppe dy line treft men suver gjin bebouwing mear oan. Wol lei de buorskip Koehoal boppe Tsjummearum tsjin 'e noardlikste dyk oan, mar by it op deltahichte bringen fan 'e diken yn 'e 1970-er jierren moasten de huzen en pleatsen dêr foar it meastepart sloopt wurde.[1]
Yn 'e Lette Midsiuwen waard Barradiel ek swier troffen troch de partijskippen tusken de Skieringers en de Fetkeapers, dêr't net inkeld eallju en eigenierden, mar teffens de mûntsen fan dy tiid by belutsen wiene, û.o. dy fan it norbertynske Kleaster Mariëndelle of Lidlum. Dat waard yn 1182 stifte tusken Easterbierrum en Tsjummearum, en ferfoel meitiid ta sûnde. Doe't de fromme abt Eelko Liaukama fan Seisbierrum dêr in ein oan besocht te meitsjen, waard er troch de bruorren fan it úthôf Ter Poorte yn Boksum deaslein. Sûnt wurdt er troch de norbertinen as sillige fereare.[5]
Barradiel waard yn 1851, krekt as alle gritenijen, omfoarme ta in gemeente troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke. Oarspronklik wie Minnertsgea it haadplak fan 'e gritenij, mar yn 1832 ferhuze it gemeentebestjoer nei Seisbierrum. Yn 1903 waard Walburgastate it gemeentehûs. Dat stie oarspronklik yn Pitersbierrum, mar om't it de bedoeling wie dat Seisbierrum it haadplak bleau, waard de doarpsgrins doe sa ferlein dat Walburgastate ûnderdiel fan Seisbierrum waard.
Yn 1971 ferlear Barradiel troch in grinswiziging yn it súdwesten Almenum oan 'e gemeente Harns, nei't it yn 1955 al in diel fan dat doarp oan 'e havenstêd ôfstean moatten hie.[3] Doe't tsjin 1980 dúdlik waard dat de oerheid fan doel wie en hef Barradiel hielendal op, ûntstie der yn 'e gemeente in fûleindige protestbeweging, dy't út alle macht besocht om 'e eigen bestjoerlike identiteit te behâlden, sa nedich troch in gearfoeging mei It Bilt.[1] It mocht lykwols allegear net bate, en by de gemeentlike weryndieling fan 1984 gie it grutste part fan Barradiel mei Frjentsjer en it âlde Frjentsjerteradiel op yn 'e nije gemeente Frjentsjerteradiel, wylst it doarp Minnertsgea oan It Bilt tafoege waard en it doarp Winaam oan Harns.
Barradiel hie yn 1980 in befolking fan 6.657[1] minsken, en in befolkingstichtens fan 109,0 minsken de km².
De befolking fan Barradiel wie op 1 jannewaris 1983 sa oer de doarpen ferspraat:[7]
doarp | ynwenners |
---|---|
Minnertsgea | 1905 |
Seisbierrum | 1792 |
Tsjummearum | 1563 |
Easterbierrum | 677 |
Winaam | 451 |
Pitersbierrum | 170 |
Furdgum | 87 |
Kleaster-Lidlum | 68 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|