Betje Wolff, folút Elizabeth Wolff-Bekker, Flissingen, 24 july 1738 - Den Haach, 5 novimber 1804) wie in Nederlânsk skriuwster.
Betje Bekker waard berne yn in begoedige kalvinistyske famylje. Fan jongs ôf wie hja learderich, ambisjeus en keunstsinnich. Hja hie in gysten karakter en frijsinnige ideeën. Se koe in bytsje Latyn en learde Ingelsk.
Mei har sântjinde liet hja har skake troch de 24-jierrige faandrich Matthijs Gargon. Hoewol't hja nei ien nacht wer thús kaam, spriek men der skande fan en har kansen op in goede houlikspartij waarden der net grutter op.
Se troude op 18 novimber 1759 mei de 52-jierrige predikant en widner Adriaan Wolff. Sy hiene earst in briefwikseling hân. Yn 1763 debutearre sy mei de moraal-filosofyske dichtbondel Bespiegelingen over het genoegen. Yn 1777, nei de dea fan har man, wenne Wolff tegearre mei de meniste Aagje Deken en publisearren se ek tegearre. Harren grutste súkses wiene de briefromans De Historie van mejuffrouw Sara Burgerhart (1782) en Historie van den heer Willem Leevend (1784-1785). Yn 1778 ferhuzen Wolff en Deken nei De Rijp en yn 1782 setten sy harren ta wenjen yn Beverwyk.
Yn ferbân mei harren patriottyske sympatyen ferhuzen Wolff en Deken yn 1788 nei Trévoux by Lyon yn it departemint Ain (regio Rhône-Alpes). Yn 1789 ferskynde Wandelingen door Bourgogne. Tusken 1793 en 1796 skreaune se oan Historie van Mejuffrouw Cornelia Wildschut, of De gevolgen van de opvoeding, in roman yn 6 dielen. Troch jildlike krapte moasten se yn 1797 werom nei Hollân; sy wennen doe yn De Haach. Wolff stoar yn De Haach; in pear dagen letter ferstoar Deken ek. Beide froulju binne te hôf kaam op Ter Navolging yn Skeveningen.