Baulton Paul 'Defiant' | |
---|---|
Rol | Underskeppingsfleantúch bommesmiters nachtjager rêdingsfleantúch |
Makker | Boulton Paul Aircraft |
Untwerper | John Dudley North |
Earste flecht | 11 augustus 1937 |
Yn tsjinst | Desimber 1939 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | 1064 [1] |
grutste brûker | Royal Air Force |
Oare brûkers | Royal Australian Air Force Royal Canadian Air Force Poalske loftstriidkrêften yn Frankryk en Grut Brittanje |
Farianten |
De Boulton Paul Defiant wie in Britsk jachtfleantúch ornearre foar it ûnderskeppen fan bommesmiters. It tastel tsjinne by de Royal Air Force (RAF) yn de Twadde Wrâldkriich. De Defiant waard ûntwurpen en makke troch Boulton Paul Aircraft as in "turret fighter" (in jachtfleantúch mei in geskutskoepel), sûnder nei foaren rjochte fêst geskut.
Yn de striid die bliken dat de Defiant reedlik effektyf wie yn it delheljen fan bommesmiters, mar dat er lang net opkoe tsjin de manûfrearbere Luftwaffe-jager de Messerschmitt Bf 109. It gebrek oan foarút fjurjende wapens betsjutte in grutte swakte yn loftgefjochten by deiljocht, mar it tastel kaam better ta syn rjocht yn de rol fan nachtjager.[2] Doe't de modernere bettere nachtjager Bristol Beaufighter ferskynde en letter de de Havilland Mosquito wie it dien mei de fronttsjinst fan it tastel. Fan 1942 ôf waard de Defiant allinne noch brûkt foar trening fan skutters, it tôgjen fan loftdoelen, rêdingsaksjes op see en elektroanyske tsjinmaatregels (electronic countermeasures). Fan de RAF piloaten krige er de bynamme "Daffy".
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boulton Paul Defiant fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |