Chuck Cannon

Chuck Cannon
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marion Cletus Cannon jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ±1964
berteplak Greenville (Súd-Karolina)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
sjenre country
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint gitaar
jierren aktyf 1988 – no
prizen ACM Award 1994
offisjele webside
chuckcannon.com

Chuck Cannon (folút: Marion Cletus Cannon jr.; Greenville (Súd-Karolina), ±1964) is in Amerikaansk lietsjeskriuwer fan countrymuzyk dy't troch oare artysten songen wurdt. Dêrnjonken er sels ek aktyf as sjonger en muzikant. Hy hat mei syn ferskes ferskate prizen wûn, wêrûnder in Academy of Country Music Award yn de kategory liet fan it jier.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cannon waard mids sechstiger jierren berne yn Greenville, yn de Amerikaanske steat Súd-Karolina. Syn heit wie in predikant yn 'e pinkstertsjerken. Cannon die al jong ynspiraasje op troch pleatslike folksferskes en negrospirituals. As tiner trede er op as sjonger yn lokale gelegenheden, oant er yn 1984 ferfear nei Nashville, yn Tennessee, om dêr te studearjen oan de Belmont Universiteit. Yn 1988 waard him in kontrakt oanbean om countrylieten te skriuwen.

Sûnt hat Cannon foar ferskate grutte nammen yn 'e Amerikaanske countrymuzyk skreaun, wêrûnder Toby Keith, John Michael Montgomery, Wynonna Judd, Billy Dean, Sarah Buxton, Shane Minor, Danny Gokey en de band Lonestar. Ien fan syn ierste súksessen wie I Love the Way You Love Me, dêr't John Michael Montgomery yn 1993 in nûmer 1-hit mei skoarde, en dat Cannon skreaun hie yn gearwurking mei Victoria Shaw. Dat liet wûn yn 1994 de Academy of Country Music Award yn de kategory liet fan it jier.

Foar Toby Keith skreau Cannon, faak yn gearwurking mei Keith sels en soms mei oaren, ferskes as Me Too, Dream Walkin', We Were in Love, Getcha Some en If a Man Answers. Mei it troch Cannon skreaune How Do You Like Me Now?! hie Keith yn 2000 in nûmer 1-hit en in gouden plaat, en yn 2003 wie American Soldier, krektlyk fan Cannon syn hân, foar Keith ek in nûmer 1-hit en in platina plaat. Sawol I Love the Way You Love Me as How Do You Like Me Now?! wûnen de Eight-Million-Air Award fan Broadcast Music Incorporated om't se yn 'e Feriene Steaten mear as acht miljoen kear op 'e radio draaid wiene.

Cannon brocht sels twa albums út: God Shaped Hole en Love and Money. Syn single If I Was Jesus waard nominearre foar de Independent Music Award yn de kategory Americana-liet fan it jier. Cannon is sûnt 1994 troud mei muzykprodusinte en countrysjongster Lari White, foar wa't er ek ferskate lieten skreaun hat, lykas What a Woman Wants, That's My Baby en That's How You Know (When You're in Love). Cannon en White hawwe twa dochters, M'Kenzy en Kyra, en in soan, Jaxon.

albums
  • 2006 – God Shaped Hole
  • 2008 – Love and Money

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.