Dennis L. McKiernan | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dennis Lester McKiernan | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 4 april 1932 | |
berteplak | Moberly (Missoury) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, SF, horror, mearkes | |
bekendste wurk(en) |
Mithgar-rige | |
útjouwer | Doubleday Roc Books | |
jierren aktyf | 1984 – no | |
offisjele webside | ||
members.cox.net/dlmck |
Dennis L. McKiernan (folút: Dennis Lester McKiernan; Moberly (Missoury), 4 april 1932), is in Amerikaansk skriuwer fan fantasyliteratuer. Hy begûn syn skriuwkarriêre oarspronklik út ferfeling en kreëarre yn 'e Mithgar-rige, syn bekendste wurk, troch omstannichheden in wrâld dy't tige liket op dy it Midierde út The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien. Dêrom is McKiernan der wol fan beskuldige dat er allinnich Tolkien mar wat neibearde. Yn syn lettere boeken gied er mei de searje lykwols in hiele oare kant út as dat Tolkien ea keazen hie. McKiernan wennet yn Tucson, yn Arizona.
McKiernan waard yn 1932 berne yn Moberly, yn 'e steat Missoury, dêr't er oan syn achttjinde wenjen bleau. Neitiid tsjinne er fjouwer jier by de Amerikaanske Loftmacht, en hoewol't syn tsjinsttiid ûnder de Koreaanske Oarloch foel, waard er nea oersee stjoerd, en brocht er de folsleine fjouwer jier troch yn 'e kontinintale Feriene Steaten. Nei't er ôfswaaid wie, studearre McKiernan oan 'e Universiteit fan Missoury, yn Columbia, dêr't er yn 1958 in bachelorstitel yn elektrotechnyk behelle, dy't er yn 1964 oan 'e Duke Universiteit yn Durham, yn Noard-Karolina, omsette yn 'e masterstitel. Fan 1958 oant 1989 wurke er as technikus by it Amerikaanske telekombedriuw AT&T, yn 't earstoan by de ôfdieling Western Electric, mar letter by de Bell Laboratories. Mei 57 jier gied er yn 1989 mei pinsjoen, sadat er him foltiids oan it skriuwen wije koe.
Yn 1977, doe't er út te riden wie op syn motor, waard McKiernan oanriden troch in auto dy't op 'e ferkearde weihelte ried. Neitiid wied er moannenlang oan bêd bûn, earst yn in rekferbân en letter yn it gips. Wylst er stadichoan opbettere, begûn er út klearebare ferfeling in ferfolch te skriuwen op Tolkien syn The Lord of the Rings. Hy fûn in útjouwerij, Doubleday, dy't wol belangstelling foar it boek hie, mar doe't dy om tastimming foar de publikaasje fersocht by de erven Tolkien, waard dy ôfstegere. Dêrop frege Doubleday McKiernan om syn ferhaal op 'e nij te skriuwen, mei justjes oare personaazjes (de hobbits waarden bgl. healmlingen), yn in oare fiktive wrâld. Ek stie men der by him op oan om in prequel te skriuwen, mei't de orizjinele prequel (The Lord of the Rings) no ûntbriek.
Sa kaam de wrâld Mithgar ta wêzen, dêr't de rige nei neamd waard. De prequel krige de titel The Iron Tower, en liek, doe't er ienris skreaun wie, fanneden tige op The Lord of the Rings, om't it orizjinele boek, The Silver Call, ommers as ferfolch dêrop bedoeld wie. Doubleday ferdielde neitiid The Iron Tower oer trije boeken, sadat it in trilogy waard, wat de likenis mei The Lord of the Rings noch fergrutte. Guon kritisy beskuldigen McKiernan der dêrom wol fan dat er inkeld Tolkien syn wurk neibearde en dêrby by it rântsje fan it plagiaat lâns gie. Yn syn lettere boeken sette er mei de searje lykwols in hiele oare kant út as dat Tolkien ea kieze kinnen hie, om't de Mithgar-rige ek hiele oare eleminten omfiemet as The Lord of the Rings.
Wylst de Mithgar-rige ta it subsjenre fan 'e hege fantasy heart, hat McKiernan ek oar wurk skreaun, wêrûnder in pear science fiction-romans en teminsten ien horrorferhaal. Syn Faery-rige is wijd oan werfertellings fan guon mearkes dy't er as bern lies. Dêrby hat er ferskillende ferhalen ferfrissele ta ien plot.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |