Doanjewerstâl

Doanjewerstâl

Osingastate yn Langwar, it gemeentehûs fan Doanjewerstâl.
flagge wapen

Wapen fan Doanjewerstâl
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Langwar
grutste plak Sint-Nyk
ynwennertal 6.284 (1980)[1]
befolkingstichtens 49,9 / km²
oerflak 126,00 km²
tal doarpen 16
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Doanjewerstâl
opheft 1984
opgien yn Skarsterlân
Wymbritseradiel
no part fan De Fryske Marren
Súdwest-Fryslân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Doanjewerstâl (Nederlânsk en offisjeel: Doniawerstal) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1980 6.284 ynwenners en besloech in oerflak fan 126,00 km².

De gritenij waard om 1350 stiften, dêrfoar wie dizze gryt mei Lemsterlân ferbûn. De gritenij Doanjewestâl waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is it grutste part opgongen yn in de nije gemeente Skarsterlân. Allinnich it stik westlik fan de Kûfurd is by Wymbritseradiel kaam.

It haadplak wie Langwar, mei 856 ynwenners yn 1980, mar it grutste plak wie Sint-Nyk, mei in befolking fan 2.790 minsken. De oare doarpen yn de gemeente wienen: Boarnsweach, De Broek, Diken, Dunegea, Goaiïngaryp, Jiskenhuzen, Kûfurderrige, Legemar, Aldeouwer, Ousterhaule, Ousternijegea, Skarsterbrêge, Teroele en Tsjerkgaast.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 16.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje