Dorothy DeBorba | ||
![]() | ||
![]() | ||
Dorothy yn 1930 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dorothy Adelle DeBorba | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 28 maart 1925 | |
berteplak | Los Angeles | |
stoarn | 2 juny 2010 | |
stjerplak | Livermore | |
jierren aktyf | 1930–1933 |
Dorothy Adelle DeBorba (28 maart 1925, Los Angeles - 2 juny 2010, Livermore) wie in Amerikaansk (berne)aktrise. Har foarâlden kamen fan de Portegeeske Azoaren.
DeBorba waard bekend doe't hja yn 1930 mei die oan de populêre searje Our Gang (1930-1933). DeBorba waard al rillegau, troch har útstrieling en krolkopke, in favoryt fan it publyk.
Doe't hja yn 1933 te âld waard foar de rige en derút stapte, wie har karriêre ek tenein. Sy hie noch wol in lytse rol yn Bombshell, mei Jean Harlow yn itselde jier.
DeBorba wenne yn Livermore, Kalifornje, dêr't hja yn 2010 ferstoarn is..