Tsjin 1940 wie de B-18 al ferâldere; hy hie te min motorfermogen, te min defensive bewapening en de bomlading wie te lyts om noch langer foldwaan te kinnen. In protte tastellen giene ferlern by de Oanfal op Pearl Harbor en dy op de Filipinen yn desimber 1941.
Yn 1942 waarden oerbleaune B-18's útrist as anty-ûnderseeboatfleantúch as ynset as transporttastel. In B-18 wie ien fan de easrte Amerikaanske fleantugen dy't in Dútske ûnderseeër te sink brocht, de U-654, op 22 augustus 1942 yn de Karibyske See.[1]