Easthim | ||
Doarpssicht | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 455 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,67 km², wêrfan - lân: 7,03 km² - wetter 0,64 km² | |
Befolkingsticht. | 63 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 13' N 5° 54' E | |
Himrik Easthim yn 'e eardere gemeente Wymbritseradiel | ||
Offisjele webside | ||
Website Easthim | ||
Kaart | ||
Easthim (Nederlânsk en offisjeel: Oosthem) is in doarp west fan Drylts yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Yn 'e himrik fan Easthim lizze ek de buorskippen Draeisterhuzen en (foar it grutste part) Nijesyl. In oar diel fan Nijesyl heart by Drylts.
It doarp hat 455 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Easthim ûntstie yn 'e midsiuwen op in terp en waard al gau in doarp. It doarp hiet yn 1453 Aesthem, yn 1492 Oosthem, yn 1505 Oestheem en yn 1579 Aestem. De plaknamme ferwiist nei in him, in ynpoldere stik lân.
De midsiuwske oan Jehannes Baptist wijde tsjerke waard mei de âlde sealtektoer yn 1860 ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske Jehannestsjerke. Yn 1897 krige it doarp noch in grifformearde tsjerke, dêr yn 2008 foar it lêst in tsjinst holden waard.[3]
Foar de gemeentlike weryndieling fan 2011 lei Easthim yn 'e gemeente Wymbritseradiel (1984-2011), wylst it foar de weryndieling fan 1984 diel útmakke fan it âlde âlde Wymbritseradiel.
It yn 1989 opknapte Himsterhûs is it doarpshûs. Alle moannen ferskynt it doarpskrantsje "Kontakt".
Gebouwen yn Easthim:
Yn 1983 waard de nije basisskoalle 'East Kime' iepene. Dêr wie ek in Frysktalich pjutteboartersplak 'De Himsterhummels'. Nei't de skoalle 'Bernegea' fan Abbegea yn 2012 sletten waard en de bern fan dy skoalle nei de 'East Kime' ferhûzen, fusearre de skoalle fan Easthim yn 2015 mei de skoalle 'De Gearrin' fan Folsgeare. Ek dy skoalle waard te lyts en yn 2018 fusearre 'De Gearrin' mei de Prot.-kr. basisskoalle 'De Earste Trimen' yn Nijlân.
Jier | 1850 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2011 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 450 | 507 | 477 | 455 | 416 | 481 | 459 | 417 | 421 | 441 |
Yn galery Easthim oan it Hernepaed wurde regelmjittich eksposysje organisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|