Ede Staal | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Byld fan Ede Staal yn de ûntfangstromte fan RTV Noard yn de Media Centrale, Grins | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ede Ulfert Staal | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 augustus 1941 | |
berteplak | Warffum | |
stoarn | 22 july 1986 | |
stjerplak | Delfsyl | |
wurkpaad | ||
sjenre | Streektaal | |
sjongtaal | Grinslânsk | |
grutste hit(s) | Het het nog nooit zo donker west | |
jierren aktyf | 1973-1986 |
Ede Ulfert Staal (Warffum, 2 augustus 1941 - Delfsyl, 22 july 1986) wie learaar Ingelsk en it meast ferneamd as Grinzer sjonger en dichter.
Ede Staal wie in soan fan Boele Staal, in ûnderwizer en NSB'er. Hy troude en hy krige seis soannen. De húshâlding Staal bewenne ferskate pleatsen yn de provinsje Grinslân.
Ede waard yn 1981 ûntdutsen troch in meiwurker fan Radio Noord, Engbert Gruben dy't al gau yn 'e rekken hie dat Ede wat bysûnders wie. Yn 1982 waard Mien Toentje de werkenningsmelodij fan in túnkersrubryk op Radio Noord. It grappige ferske waard tige populêr en al gau waard Ede dé folksjonger fan Grinslân mei Engbert Gruben as grutste fan. Der kamen in protte oanfragen foar optredens mar dêr gie Ede komselden op yn. Yn 1984 kaam der in plaatsje út mei fjouwer ferskes mei de namme: Man, man, man, wat 'n boudel. Syn seldsume optredens wiene in grut sukses.
Yn desimber 1984 kaam Ede's earste LP út, mei tolve Grinzer ferskes. De plaat mei de titel Mien Toentje wie in geweldich sukses. It tal platen dat ferkocht waard lei op it nivo fan in lanlike topplaat. Yn jannewaris 1985 moast Staal in swiere operaasje ûndergean. Pas yn novimber fan dat jier koe er wer optrede op it Mollebonefestival yn Delfsyl. Begjin 1986 krige Staal in fêste rybryk by it Radio-Noord programma Sloaperstil. Syn teltsjes waarden wykliks útstjoerd op sneintemoarn, en in tal dêrfan binne publisearre yn it blêd Toal en Taiken.
Krekt doe't syn karriêre begon te rinnen waard bekend dat Staal longkanker hie. Op 22 july 1986 is er ferstoarn nei in koarte mar suksesfolle artistyke karriêre yn syn pleats oan de Farmsumerwei ûnder Delfsyl. Yn dat plak is er ek begroeven.
Op 4 oktober 1986 kaam postuum syn twadde LP "As vaaier woorden" út. Staal hie yn de lêste moannen fan syn libben noch in belangryk part yn de tariedings.
Syn muzyk waard lanlik en ynternasjonaal bekend trochdat inkele nûmers te hearren wiene yn de film De Poolse bruid. Yn 2001 waard yn Delfsyl in stânbyld fan de folksjonger ûntbleate mei de tekst fan it liet "Credo - Mien bestoan".
Ik wait, der is 'n tied van komen,
En ook 'n tied van goan,
En alles wat doar tussen ligt,
Ja, dat is mien bestoan
- Ede Staal, Credo - Mien bestoan