Frank North (militêr)

Frank North
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Frank Joshua North
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 maart 1840
berteplak New York (New York)
stoarn 15 maart 1885
stjerplak Columbus (Nebraska)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18641877
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang majoar (sûnt 1869)
befel Pâny-ferkenners
konflikt(en) Eksp. nei de Powderrivier
Komantsjekampanje
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Crazy Woman's Fork
Slach oan de Powderrivier
Slach oan de Tongue
Slach by Summit Springs
Gefjocht fan Stomp Mês
oar wurk lid fan it Hûs fan Offurdigen fan
   Nebraska (1871-1872)

Frank North (folút: Frank Joshua North; New York, 10 maart 1840Columbus (Nebraska), 15 maart 1885) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Ekspedysje nei de Powderrivier (1865), de Komantsjekampanje en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy wurke as fuorman, amtner en tolk ear't er yn it leger gie. North waard it bekendst trochdat er de ienheid Pâny-ferkenners fan 'e Amerikaanske kavalery organisearre en oanfierde. Letter wie North aktyf as politikus en feeboer.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

North waard yn 1840 berne yn Newyorkske borough Manhattan, as de soan fan Thomas J. North en dy syn frou Jane, dy't ôfkomstich wiene út Tompkins County yn 'e Amerikaanske steat New York. Neitiid ferhuze it gesin nei Ohio, dêr't North opgroeide. Hy hie in âldere broer, James E. North, in jongere broer, Luther H. North, en twa jongere susters.

Yn 1856, doe't er sechstjin jier wie, ferfear North nei Nebraska, dêr't er as fuorman wurke op in transportrûte tusken Omaha en Fort Kearney. It wie yn dy snuorje fan syn libben dat er foar it earst gedoente krige mei de Pâny (Pawnee). Hy learde harren taal, it Pâny, en wurke neitiid as amtner en tolk op 'e hannelspost by it Pâny-agintskip yn Genoa.

Yn 1864 waard North troch generaal Samuel R. Curtis fregen om in ienheid Pâny-ferkenners te formearjen foar it Amerikaanske Leger. Dat die North yn 1865, en hysels waard doe mei de rang fan earste luitenant oansteld as befelfierend ofsier fan dy ienheid. Letter joech syn broer Luther him der ek by. Under de Ekspedysje nei de Powderrivier, yn 1865, in strafkampanje op 'e noardlike Grutte Flakten tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, focht North mei syn Pâny yn 'e Slach by Crazy Woman's Fork, de Slach oan de Powderrivier en de Slach oan de Tongue.

Neitiid waard North befoardere ta kaptein, en focht er op 'e súdlike Grutte Flakten mei yn 'e Komantsjekampanje, tsjin 'e Komantsjen en harren bûnsgenoaten, de Kajowa, de Flakte-Apachen, de Súdlike Sjajinnen en de Súdlike Arapaho. Op 11 july 1869 hied er in grut oandiel yn 'e Slach by Summit Springs, yn Kolorado, wêrby't de fanatike Sjajinske Hûnskrigers as militêre macht fan betsjutting útskeakele waarden. Nei dy fjildslach bewearde North dat er persoanlik Lange Bolle, ien fan 'e meast foaroansteande haadlju fan 'e Hûnskrigers, deasketten hie. Koarte tiid letter waard er befoardere ta majoar en swaaide er ôf út it leger.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1871 oant 1872 tsjinne North ien termyn as lid fan it Hûs fan Offurdigen fan it Steatskongres fan Nebraska. Letter runde er as sakepartner fan 'e ferneamde Buffalo Bill Cody in feepleats yn westlik Nebraska, oan 'e igge fan 'e rivier de Dismal. Under de Grutte Sû-Oarloch kearde er yn 1876 en 1877 koart werom yn tsjinst en focht er yn it Gefjocht fan Stomp Mês, yn it neijier fan 1876. Begjin 1880-er jierren wied er yn 'e wyldwestshow fan Buffalo Bill wurksum as tuskenpersoan tusken de blanken en de Yndianen. North kaam op 15 maart 1885, fiif dagen nei syn fiifenfjirtichste jierdei, te ferstjerren yn Columbus (Nebraska).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.