Fritz Grünbaum, ek Fritz Gruenbaum en eins Franz Friedrich Grünbaum (berne op 7 april 1880 yn Brünn (no Brno), Eastenryk-Hongarije; ferstoarn op 14 jannewaris 1941 yn it konsintraasjekamp Dachau), wie in Eastenrykske kabaretier, tekstskriuwer fan operettes en populêre muzyk, regisseur, akteur en konferensier.
Grünbaum spile yn it begjin fan 'e jierren 1930 in in oantal Dútske komyske films. Yn syn optreden hie Grünbaum iepenlik de gek mei it nasjonaalsosjalisme en nei de machtsoername fan de nazy's yn 1933 moast er Dútslân ferlitte en nei Eastenryk flechtsje.
Nei de Anschluss yn 1938 waard Grünbaum oppakt en nei Dachau stjoerd. Dêr ferstoar er nei in pear jier finzenis yn 1941. Syn tredde frou Lilly Herzl, in nicht fan Theodor Herzl dêr't er sûnt 1919 mei troud wie, wist by har freondinne Elsa Klauber ûnder te dûken yn Wenen, mar waard op 5 oktober 1942 mei har freondinne nei it ferneatigingskamp Maly Trostinez deportearre en ferstoar dêr 4 dagen letter.
Grünbaum leit begroeven op it Alde Joadske Begraafplak (Zentralfriedhof) fan Wenen.
Fritz Grünbaum wie in bekende samler fan fral moderne keunst. Syn samling omfieme mear as 400 wurken. De samling bestie út mear as 80 wurken fan Egon Schiele en fierder wurk fan û.o. Albrecht Dürer, Rembrandt van Rijn, Max Oppenheimer, Edgar Degas, Carl Spitzweg, Oskar Kokoschka en Käthe Kollwitz. Undúdlik is wêr syn samling yn 'e Nazytiid wie, mar 25% fan de keunstwurken belânen yn 'e jierren 1950 oer de Switserske keunsthandler Eberhard W. Kornfeld op de keunstmerk. Fan de rest is it lot net bekend.
De erfgenamen fan Fritz Grünbaum easkje al in jiermannich de wurken mei wikseljend sukses werom. Dêrfan binne in oantal yn hannen fan de Republyk Eastenryk, de Albertina en it Leopold Museum.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fritz Grünbaum fan Wikimedia Commons. |