ILO (motorfyts)

ILO 98 cc twataktmotor út 1934
Sparta mei in ILO-blokje

ILO is in histoarysk Dútsk merk fan ynboumotoren en motorfytsen, dat bestie fan 1911 oant 1990.

ILO: Norddeutsche Maschinenfabrik GmbH, Pinneberg-Holstein (1923-1967). De Norddeutsche Maschinenfabrik waard yn 1911 opfjochte troch Heinrich Christiansen. Begjin jierren tweintich gie men twataktmotors mei forsearre luchtkuolling ûnder de namme ILO te meitsjen. De namme ILO is ûntliend oan it Esperanto en betsjut "reau". It merk waard benammen bekend fan de produksje fan ynboumotors foar oare merken, mar tusken 1923 en 1925 waarden der ek komplete motorfytsen fan 117-, 132-, 147- en 170 cc boud. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden ek in skoft komplete bromfytsen makke. Yn 1952 waard yn München in dochterûndernimming opsetten.

Yn 1957 waard it bedriuw ferkocht oan de k Rockwell Mfg. Co. Under de namme ILO waarden doe ek kartmotors en sniemobylmotors makke. Yn 1967 einige de produksje fan bromfytsmotors.

Yn 1977 gie it bedriuw oer yn hannen fan de Amerikaanske firma Tecumseh, dy't gersmeanders makke. Yn 1990 waard de produksje ek by Tecumseh staakt.
Trochdat de stilearre "I" yn it logo op in "J" liket, waard der meast fan JLO sprutsen. De Ilo 48- en 60 cc helpmotor nei 1926 waard ek wol Byfstikwaarmer neamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]