Israel Zangwill (Londen, 21 jannewaris 1864[1] - Midhurst, Susseks, 1 augustus 1926) wie in Britsk joadsk skriuwer, essayist, sjoernalist en polityk aktivist yn de feministyske, pasifistyske en sionistyske beweging.
Zangwill waard yn Londen berne as soan fan in earme joadske ymmigranten út Ruslân en Poalen. De earste jierren fan syn libben wenne er yn Plymouth en Bristol. Doe't er acht wie ferfear de húshâlding werom nei East End yn Londen, dêr't er nei de Jews' Free School gie; oan dy skoalle waard er letter ek learaar. Hy ferfolge syn súdzje oan de Universiteit fan Londen en studearre yn 1884 ôf yn de Geasteswittenskippen, Ingelsk en Frânsk.[2]
Zangwill boaske yn 1903 oan Edith Ayrton, in net-joadske feministe en skriuwster, dochter fan neef en nicht dokter Matilda Chaplin en natuerkundige William Edward Ayrton. Syn broer Louis Zangwill waard romanskriuwer,[3] en syn soan Oliver Zangwill waard in foaroansteand Britsk psychololooch.
Zangwill wurke foar ferskate tydskriften en skreau tal fan essays, toanielstikken en romans. As 17 jierrige wûn er de earste priis fan in koartferhalewedstriid, syn earste ferhaal, Motso Kleis or the Green Chinee, skreau er mei 18 jier. Zangwill waard bekend yn 1892 mei syn roman Children of the Ghetto. Die größte literarische Nachwirkung erzielte er mit The Big Bow Mistery, dat tsjintwurdich as klassiker yn it detektive-sjenre beskôge wurdt. It motyf fan de moard yn dy roman waard foar it earst fûn by Edgar Allan Poe yn syn Murders of the Rue Morgue] (1841). Zangwill op syn beurd hat grif fan ynfloed west op Gaston Leroux syn Das Geheimnis des gelben Zimmers (1904).[4] Syn ferneamdste teäterstik is it drama The Melting Pot dat yn 1908 foar it earst op de planken kaam yn de Feriene Steaten.
Zangwill hat altyd ambifalint foar it joadskwêzen oer stien. Nettsjinsteande syn grutte ferbûnens mei de joadske tradysje en syn diels idintifisearjen mei it joadske gettolibben en syn oerhingjen nei de idealen anneks, beskôge er it otterdoksk-gassidysk Joadendom as efterhelle en net mear fan de moderne tiid. Dy ferskuordens tusken komôf, de smûkens fan it gettolibben en it lokjen fan in frjemde, net betroude wrâld, is in tema dat hieltyd weromkomt yn de karakters fan syn wurken.
Zangwill wie lid fan de nasjonaaljoadsk oriïntearre Maccabean-Clubs yn Londen en hy wie in oanhiger fan de earste oere fan Theodor Herzl. Max Nordau wie syn freon en dy brocht him yn de kunde mei Herzl. Sy moeten elkoar foar it earst op 21 novimber 1895 yn London; Herzl stelde him foar mei de wurden: Ich bin Theodor Herzl. Helfen sie mir, den Jüdischen Staat wieder aufzubauen.[5] Herzl joech oars in net al te kompliminteuze beskriuwing fan Zangwill yn syn deiboek.
Nei Herzl syn ferstjerren yn 1905 ferliet Zangwill de sionistyske beweging mei út reden fan de Uganda-saak en stichte er nei it 7e Sionistenkongres de Jewish Territorial Organization (ITO), mei it doel, wêr ek mooglik, ek bûten Palastina, in plak te besetten foar in joadske deslsetting. De organisaasje festige in pear tûzen joaden yn Galveston, Teksas, mar dat waard gjin súkses. Nei de Balfour-ferklearring en de fersterking fan it Sionisme dy't dy fan gefolgen hie, sleat Zangwill him wer oan by de offisjele sionistyske beweging oan. De swierrichheden fan in joadske festiging yn Palestina en de wjerstân fan de Arbieren laten him lykwols doch wer nei syn eardere territorialistyske oerstsjûgings werom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|