Jan Engelman

Jan Engelman (mei swarte bril) by de útrikking fan de ANWB-priis foar Twee maal Apollo, 1958

Johannes Aloysius Antonius Engelman (Utert, 7 juny 1900 - Amsterdam, 20 maart 1972) wie in Nederlânsk dichter, keunst- en literatuerkritikus. Hy krige de ûnder oaren de Constantijn Huygenspriis yn 1954.

Engelman waard fral bekend fan it gedicht Vera Janacopoulos[1], dat neffen guonts in typysk foarbyld fan poésie pure is. In oar bekend gedicht dat ek sa besjoen wurdt is En Rade[2], dat Engelman in fokalize neamde.

  • 1927 - Het roosvenster
  • 1930 - Sine nomine
  • 1931 - Parnassus en Empyreum
  • 1932 - Torso
  • 1932 - Tuin van Eros DBNL.
  • 1934 - Tuin van Eros en andere gedichten
  • 1936 - Tympanon
  • 1937 - Bij de bron
  • 1937 - Het bezegeld hart
  • 1942 - Noodweer
  • 1945 - Vrijheid
  • 1950 - Philomela
  • 1955 - Koning Oedipus
  • 1955 - Twee maal Apollo
  • 1960 - Verzamelde gedichten
  • 1969 - Het Bittermeer en andere gedichten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten:

  1. Sjoch hjir: DBNL.
  2. Sjoch hjir: DBNL.