Jeanne Malivel

Jeanne Malivel
keunstner
Taskreaun oan Malivel as selsportret.
Taskreaun oan Malivel as selsportret.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeanne Malivel
nasjonaliteit Frânsk
berne 15 april 1895
berteplak Loudéac (Bretanje)
stoarn 2 septimber 1926
stjerplak Rennes (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
wurksum as yllustratrise, ûntwerpster
perioade Ynterbellum
streaming syntetisisme

Jeanne Malivel (Loudéac, 15 april 1895Rennes, 2 septimber 1926) wie in Frânsk ûntwerpster en yllustratrise fan etnysk Bretonsk komôf. Har wurk foarme de ynspiraasje foar de oprjochting fan it Bretonsk-nasjonalistyske keunstnerskollektyf Seiz Breur.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Malivel waard yn 1895 berne yn Loudéac, yn Bretanje. Hja ûntjoech har ta in keunstneresse dy't it âlde ambacht fan it meitsjen fan houtgravueres nij libben ynblies foar har yllustraasjes yn it Bretonsk-nasjonalistyske boek Histoire de notre Bretagne ("Skiednis fan Us Bretanje"), fan Jeanne Coroller-Danio út 1922. By it meitsjen fan dy yllustraasjes waard Malivel beynfloede troch it eardere syntetisisme fan Paul Geguin en Émile Bernard.

De yllustraasjes waarden tige bewûndere troch keunstner en etnograaf René-Yves Creston. Hy fûn dat se de grûnslach beaen foar in nije, of fernijde, Bretonske keunststyl. Creston en Malivel arbeiden neitiid mei-inoar op by in stikmannich wurken. Ut dy gearwurking ûntstie it nasjonalistyske keunstnerskollektyf Seiz Breur, dat yn Bretanje fluch oan ynfloed wûn. De namme wie ûntliend oan in Bretonsk folksferhaal oer sân bruorren (Bretonsk: seiz breur), dat optekene en yllustrearre waard troch Malivel.

Njonken har wurk as yllustratrise skildere Malivel ek fresko's en ûntwurp se meubilêr en keramyk. Ek wie se aktyf mei borduerwurk. Yn 1925 naam se diel oan 'e Ynternasjonale Tentoanstelling fan Dekorative Keunst en Moderne Niverheid, dêr't se meubels útstalle liet dy't se tegearre mei Creston ûntwurpen en makke hie.

Jeanne Malivel kaam yn 1926, doe't se noch mar tritich jier wie, hommels en ûntidich yn Rennes te ferstjerren. De lieding oer de Seiz Breur-beweging kaam neitiid yn 'e hannen fan Creston.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.