Jellum | ||
Eardere herfoarme tsjerke (no teätertsjerke) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 145 (2022) [1] | |
Oerflak | 3,25 km² lân: 3,22 km² wetter 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 45 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 09' N 5° 44' E | |
Offisjele webside | ||
jellumbears.nl | ||
Kaart | ||
Jellum is in Frysk doarp yn it westlike part fan de gemeente Ljouwert. It is in lintdoarp oan de dyk fan de eardere Middelsee, deunby it hjoeddeistige spoar fan Ljouwert nei Starum.
Oarspronklik is Jellum in terpdoarp, dat him foar oan de âlde seedyk ûntwikkele.
Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Baarderadiel.
Foar de tsjerke oer lei achter it rychje hûzen oan 'e Hegedyk de Mammemastate. It lân leit noch jimmeroan wat heger en der moatte noch ûndergrûnske resten fan de state lizze, dêr't jonker Sicke fan Dekema († 1625) en oare grytmannen fan Baarderadiel wenne ha. De state waard yn 1400 foar it earst neamd en is yn 1856 ôfbrutsen. Fan de slotgrêf is noch in diel oanwêzich en yn 1983 is der noch in âlde wetterput fûn.[2]
De tsjerke út 1700 waard yn 1832 en 1893 troffen troch bliksem. Nei 1893 is de tsjerke op 'e nij boud.
Yn febrewaris 2020 waard de grêfsark mei grêfkelder fan Sicke fan Dekema, in bewenner fan Mammemastate, fannijs ûntdutsen ûnder de houten flier fan de tsjerke. Earder wie net dúdlik wêr't hy beïerdige wie[3].
Sûnt 2017 waard de tsjerke net mear brûkt. De tsjerke is sûnt 2022 in teätertsjerke. Der kinne lykwols ek noch spesjale tsjinsten fierd wurde.[4]
Fan 1883 oant 1938 hie Jellum, tegearre mei it buordoarp Boksum, in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum, Jellum-Boksum neamd. De komponist Paulus Folkertsma (1901-1972) skrea yn 1950 it folksferske 'It Muzyk Giet troch de Buorren', weryn't ferwiist wurdt nei it stasjon fan Jellym-Boksum ("Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!").
Jellum wurdt faak yn ien sike neamd mei it buordoarp Bears, dêr't it in twillingdoarp mei foarmet. Hast alle pleatslike ferienings beslane beide doarpen. Doarpsbelang komt faak by inoar yn doarpshûs/kafee Jonker Sikke.
Jellum hat gjin eigen basisskoalle mear. Bern moatte foar it basisûnderwiis nei Weidum, Hilaard of Boksum.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2009 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 217 | 202 | 191 | 161 | 141 | 140 | 145 |
Hegedyk, Hilaarderdyk, Lytse Dyk, Nijlânsreed, Smidshoeke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |