Johan van der Velde | ||
sporter | ||
Johan van der Velde (1982) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johan van der Velde | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 12 desimber 1956 | |
berteplak | Rijsbergen | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
debút | 1978 | |
karriêre-ein | 1990 | |
wichtige prestaasjes | ||
Dauphiné Libéré 1980 2x goud NK 1980, 1982 |
Johan van der Velde (Rijsbergen, 12 desimber 1956) is in earder Nederlânsk hurdfytser. De sprinter Van der Velde wie aktyf fan 1978 oant 1990 en naam trije kear as winner fan it punteklassemint de pearze trui fan de Omgong fan Itaalje mei nei hûs.
Van der Velde, wie net allinnich in sprinter, mar ek in poerbêste klimmer, benammen yn it begjin fan syn karriêre. Yn 1980 wûn hy de Dauphiné Libéré, Dat selde jier wûn er it Nederlânsk kampioenskip. Ek yn 1982 waard er nochris Nederlânsk kampioen. Yn 1985 wie er de earste Nederlanner dy't it slagge it punteklassemint yn de Omgong fan Itaalje te winnen ek yn 1987 en 1988 naam Johan van der Velde de pearze trui mei nei hûs.
Nei syn karriêre hie van der Velde te krijen mei in Amfetamine ferslaving; in karriêre as ynbrekker as gefolch fan syn ferslaving kaam him op in finzenis straf fan alve moanne te stean. Yn 2001 ferskynde in biografy oer Johan van der Velde Langs het Ravijn, Het veelbewogen wielerleven van Johan van der Velde skreaun troch sjoernalist Bart Jungmann, en Omrop Max stjoerde yn 2012 in dokumintêre út oer it libben fan Johan van der Velde. [1][2] Fan 2015 hat er in oantal jierren sjauffeur west op de bussen fan Nederlânske ploegen[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|