Kajto is in Fryske muzykgroep en bringt sûnt 1988 libbene folksmuzyk út yn it Esperanto. By optredens nûget de groep it publyk faak út om mei te sjongen.
Yn 2004 makke Kajto in omgong troch Dútslân nei oanlieding fan de takenning oan de groep fan de FAME Kultur-Premio yn Aalen (Baden-Württemberg), de wichtichste kulturele priis yn de Esperanto-wrâld. De priis draacht de namme fan de stifting mei deselde namme dy is ferneamd nei Franz Alois Meiners.