Kyung Lah | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kyung Lah (나경) | |
nasjonaliteit | Súdkoreaansk Amerikaansk | |
berne | 27 augustus 1971 | |
berteplak | Seoel (Súd-Koreä) | |
etnisiteit | Koreaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | ferslachjouster, presintatrise | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | lok. stjoerders, CNN | |
jierren aktyf | 1993 – no | |
offisjele webside | ||
Kyung Lah op Twitter |
Kyung Lah (Koreaansk: 나경, tradisjonele transliteraasje: Na Kyŏng, op 'e nij besjoene transliteraasje: Na Gyeong, útspr. [na ɡjʌŋ]; Seoel (Súd-Koreä), 27 augustus 1971), is in Súdkoreaansk-Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster en presintatrise fan etnysk Koreaansk komôf. Hja is bekend wurden troch har wurk as korrespondinte foar de Amerikaanske nijsstjoerder CNN, wêrby't se stasjonearre wie yn Washington, D.C., Tokio en Los Angeles.
Kyung Lah waard yn 1971 berne yn 'e Súdkoreaanske haadstêd Seoel, mar doe't se noch hiel jong wie, emigrearren har âldelju mei har nei de Feriene Steaten, dêr't se oprgroeide yn it plakje Streamwood, yn 'e steat Illinois. Lykwols hat se in tige sterk Koreaanske identiteit. Yn 1989 slagge se foar it middelbere-skoaleksamen oan 'e Hoffman Estates High School yn Hoffman Estates. Se learde fierder oan 'e Universiteit fan Illinois te Urbana-Champaign, dêr't se yn 1993 in bachelorstitel yn tillefyzjesjoernalistyk behelle.
Lah sette fuort neitiid útein mei har sjoernalistike karriêre as in buro-assistinte en fjildprodusinte by de lokale stjoerder WBBM-TV, yn Chicago. Yn 1994 sleepte se in baan as korrespondinte yn 'e wacht by in oare lokale stjoerder, WWMT-TV, yn Kalamazoo, yn 'e steat Michigan. Yn 1995 joech se har as korrespondinte by KGTV-TV, yn it Kalifornyske San Diego. Nei fiif jier yn it westen fan it lân wurke te hawwen, kearde Lah yn 2000 werom nei har âlde wurkjouwer WBBM-TV yn Chicago, dêr't se ferslachjouster waard. Begjin 2003 ferfear se nei Los Angeles ta, dêr't se in bettere baan oanbean krigen hie by KNBC-TV, om moarns as ferslachjouster en middeis as presintatrise/nijslêzeresse te wurkjen. Neffens de krante de Chicago Sun-Times hie hja foarôfgeande dêroan in "healhertich oanbod ta ferlinging" fan har kontrakt fan WBBM-TV ôfslein. Yn Los Angeles waard se úteinlik by KNBC ûntslein om't se in affêre hie mei ien fan 'e produsinten.
Ein 2005 fûn Lah in nije baan as korrespondinte yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. foar de bekende stjoerder CNN. Yn novimber 2007 waard hja oerpleatst nei it CNN-buro yn 'e Japanske haadstêd Tokio. Hoewol't Lah floeiend Koreaansk sprekt, is se gjin wurd Japansk machtich, dat yn har tiid yn Japan waard se altyd beselskippe troch in Japanske tolk. Yn dy snuorje fersloech Lah ferskate ferhalen oer frij typysk Japanske subkultueren, wêrûnder manlju dy't mei animaasjefigueren troud binne en fideospultsjes dêr't ferkrêfting yn simulearre wurdt. Op Japanske blôchs krige se dêr in protte krityk oer, om't men fûn dat se har tefolle op 'e healwize marzje fan 'e Japanske maatskippij konsintrearre, ynstee fan serieuze nijsferhalen te ferslaan. Ein 2011 skonk Lah, dy't ûnderwilens troud wie, it libben oan in sûne poppe. Op 27 juny 2012 ferliet se Japan, doe't se oansteld waard as korrespondinte op it CNN-buro yn Los Angeles.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |