Mackinac Brêge

Mackinac Brêge
Mackinac Bridge
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Michigan
plak St. IgnaceMackinaw City
bysûnderheden
type bouwurk brêge
subtype hingbrêge
boujier 1954-1957
yngenieur David B. Steinman
oerbrêget Strjitte fan Mackinac
wei of spoar Interstate 75
oare ynformaasje
hichte 168 m (tuorren)
  61 m (weidek)
lingte 8.038 m
breedte 20,9 m (totaal)
16,0 m (wei)
kosten $100 miljoen
kaart
Mackinac Brêge (Michigan)
Mackinac Brêge
Lokaasje yn Michigan.

De Mackinac Brêge (Ingelsk: Mackinac Bridge; útspr.: ['mækɪnɔ: bɹɪʤ], likernôch: "mekkinnô bridzj") is in brêge yn 'e Amerikaanske steat Michigan, yn it gebiet fan 'e Grutte Marren. It is in 8.038 m lange hingbrêge, dy't oer de Strjitte fan Mackinac hinne giet en de beide dielen fan 'e steat, Opper-Michigan yn it noarden en Neder-Michigan yn it suden, mei-inoar ferbynt. Oan 'e noardlike útein fan 'e brêge leit de stêd St. Ignace, en oan 'e súdlike útein Mackinaw City. De Mackinac Brêge stiet wol bekend as Big Mac of Mighty Mac, en is de op fyftjin nei langste hingbrêge fan 'e wrâld.

Nei't yn 1883 de Brooklyn Brêge boud wie, begûn men yn Michigan te dreamen fan in eigen hingbrêge dy't de beide dielen fan 'e steat in lânferbining jaan soe. It idee waard besprutsen yn it Steatskongres fan Michigan en by ferskillende gearkomsten fan pommeranten út it sakelibben fan 'e steat. Lykwols giene der desennia foarby sûnder dat der aksje ûndernommen waard. Pas yn 'e 1920-er jierren kaam der skot yn 'e saak. Tsjin dy tiid wie der, fral troch it tanommen toerisme yn 'e krite fan 'e Strjitte fan Mackinac, safolle ferkear dat der in feartsjinst tusken de Opper- en Neder-Michigan ynsteld waard. Dat wie lykwols sa djoer dat men nei oare mooglikheden begûn út te sjen.

Yn 1928 joech it Steatskongres fan Michigan sadwaande opdracht om ûndersyk te dwaan nei de helberens fan 'e oanlis fan in brêge. It die bliken dat brêgebou mooglik wie, mar wol djoer, mei't de kosten rûsd waarden op $30 miljoen (yn hjoeddeisk jild $1,95 miljard). Yn 1934 rjochte it Steatskongres de Mackinac Straits Bridge Authority op, dy't in bou- en finansieringsplan opstelle moast. Teffens waarden der geologyske boarrings dien om it geunstichste plak te finen, mar tsjin dy tiid wie it 1941, en doe gie it hiele projekt de iiskast yn fanwegen it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Nei de oarloch waard yn 1947 de Mackinac Straits Bridge Authority troch it Steatskongres opdoekt, mar yn 1950 op 'e nij oprjochte.

Yn jannewaris 1951 begûn de ferkeap fan steatsobligaasjes om 'e bou fan 'e brêge te finansieren, wêrnei't begjin 1953 yngenieur David B. Steinman oansteld waard om it bouprojekt te lieden. De oanlis fan 'e Mackinac Brêge sette dan einlings en te'n lêsten op 7 maaie 1954 útein. Mei't it wurk yn 'e strange winters fan noardlik Michigan folslein stillei, duorre it trije en in heal jier om 'e brêge te bouwen. De totale kosten bedroegen $100 miljoen, $5 miljoen mear as de yn 't foar rûsde $95 miljoen (omrekkene soe de bou yn 2013 $2,112 miljard bedroegen hawwe). By de oanlis fan 'e brêge kamen fiif wurklju om it libben, mar oars as dat wol beweard wurdt, is gjinien dêrfan yn it beton fan 'e brêge begroeven. Uteinlik gie de Mackinac Brêge op 1 novimber 1957 iepen, deselde deis dat it fear út 'e tsjinst nommen waard.

Tsjintwurdich is de Mackinac Brêge in tolbrêge dêr't de Amerikaanske autosnelwei Interstate 75 oerhinne rint. Foar't dy dyk oanlein waard, makke de brêge diel út fan 'e US Highway 27. Mei de tol dy't men foar it oerstekken fan 'e brêge inet, wurdt it ûnderhâld oan 'e brêge betelle. Op 'e Dei fan 'e Arbeid, dy't yn 'e Feriene Steaten frjemd genôch net op 1 maaie, mar op 'e earste moandei yn septimber holden wurdt, fynt de jierlikse Mackinac Brêge Tocht (Mackinac Bridge Walk) plak, wêrby't de autodyk op 'e brêge ôfsletten wurdt en fuotgongers, tradisjoneel oanfierd troch de gûverneur fan Michigan, in kuiertocht fan 'e iene ein nei de oare hâlde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.