Matt Zoller Seitz | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Matthew Zoller Seitz | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 26 desimber 1968 | |
berteplak | ûnbekend (Feriene Steaten) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | filmkritikus, tillefyzjekritikus, publisist | |
jierren aktyf | 1990 – no | |
offisjele webside | ||
Matt Zoller Seitz op Twitter |
Matt Zoller Seitz (folút: Matthew Zoller Seitz; ?, 26 desimber 1968) is in Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus, filmhistoarikus, tillefyzjekritikus, tillefyzjehistoarikus en publisist.
Seitz waard berne yn 1968, mar wêr krekt yn 'e Feriene Steaten, dat is net alhiel dúdlik. Hy is fan Dútsk etnysk komôf en syn heit wie jazzpianist David Zoller (1941-2020). Hy groeide fierhinne op yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Teksas.
Seitz begûn syn karriêre as kollumnist by de krante de Dallas Observer, dêr't er skreau oer de Amerikaanske media. Letter wurke er as tillefyzjekritikus foar The Newark Star Ledger út Newark (Nij-Jersey) en teffens foar de webside Salon.com, wylst er tagelyk as filmkritikus bydragen levere oan The New York Times. Yn 1994 waard Seitz nominearre foar de Pulitzerpriis foar Krityk. Fan 1996 ôf publisearre er ferskate non-fiksjeboeken oer de skiednis fan 'e Amerikaanske film- en tillefyzje-yndustry fan Hollywood.
Tsjintwurdich is Seitz as redakteur ferbûn oan 'e filmkritykwebside RogerEbert.com, en wurket er as tillefyzjekritikus foar it tydskrift New York en de webside Vulture.com. Dêrnjonken is er ek sjuerylid foar de útrikking fan 'e George Foster Peabody Awards. Seitz is fierders de oprjochter fan it blôch The House Next Door, dat him dwaande hâldt mei krityk op films en de bredere media. Yn 2005 skreau er it senario foar de spylfilm Home, dy't er ek sels regissearre en montearre.
Seitz is twa kear widner wurden. Fan 1994 oant har ferstjerren op 27 april 2006 wied er troud mei Jennifer Dawson. Mei har krige er twa bern, dochter Hannah en soan James. Seitz wertroude yn febrewaris 2017 mei Nancy Dawson, dy't de suster fan syn earste frou wie en de eks-frou fan syn broer Rich. Hja wennen om en om yn Brooklyn yn New York en Cincinnati yn Ohio. Nancy Dawson stoar oan kanker op 27 april 2020.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |