Muiderberch

Lizzing Muiderberch
Ut de loft wei (linksûnder)
Doarpsstrjitte
Buorren
Joadsk begraafplak

Muiderberch (Nederlânsk: Muiderberg) is in doarp yn de eardere gemeente Muiden yn de provinsje Noard-Hollân. It doarp hat 3266 ynwenners (2005) en is ûntstien om 1200 hinne op in stuwwâl. Yn de omjouwing fan de Doarpsstrjitte binne by rioalearringswurken de âldste spoaren fan bebouwing fûn. Nei alle gedachten binne de alderâldste spoaren fan bewenning ferswolgen troch de Sudersee.

Floris V is yn 1296 by Muiderberch fermoarde. Yn it doarp leit in swerfstien as monumint. Piet Lieftinck is hjir yn 1902 berne. Yn 1991 waard yn it doarp in byldsje ûntbleate ta neitins oan it tientsje fan Lieftinck. Bekende Muiderberchers binne ûnder oare de komponist G.A. Heinze dy't dêr fan 1884 oant syn dea yn 1904 wenne en wurke en boargemaster Niënhuys Ruys (1899-1904) dy't mei-oprjochter en letter ek foarsitter wie fan de Vereeniging tot bevordering van het Vreemdelingenverkeer "Floris V", de foarrinder fan de hjoeddeiske VVV.

Muiderberch hat it grutste Joadske begraafplak fan Nederlân. It begraafplak is yn 1642 stichte troch Heechdútske joaden en by inoar brocht mei it dêrneist yn 1660 troch Poalske joaden stichte begraafplak. De ûntfangstromte en it metaarhûs komme út 1933. Se binne ûntwurpen troch Harry Elte.

By Muiderberch leit it knooppunt Muiderberch, dêr't de A1 en A6 op elkoar oanslute. It knooppunt is bekend fanwege de filemeldingen. Der wiene desennia lang plannen om de A6 troch te lûken nei de A9. Dy oanlis foarme in bedriging foar it oangrinzjende natoergebiet de Naardermar en kaam te ferfallen troch de kar foar útwreiding fan de al besteande wei.

Muiderberch is ien fan de âldste baaiplakken fan Amsterdam. De measte minsken út Muiderberch wurkje yn Amsterdam.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Herfoarme tsjerke
Rjochthûs
  • De herfoarme tsjerke út de 15e iuw.
  • It Joadsk begraafplak fan de Joadske gemeente fan Amsterdam, sûnt 1642
  • In byld ta eare fan it "tsientsje fan Lieftinck" (1991)
  • It strân fan Muiderberch, dêr't in soad wynsurft en kitesurft wurdt.
  • De twa bosken: de Kocherbosk en de Echobosk mei syn echomuorre.
  • De wei lâns de âlde Suderseedyk dy't útkomt yn Muiden by it Mûzefort en it Muiderslot.
  • De Brink, in eardere mient mei de âdste huzen en bûtenpleatsen.
  • It oan de Brink lizzende Rjochthûs (sa neamd sûnt 1692), dêr't fan 1811 - 1892 oer lytse skelen rjocht sprutsen waard. Dêrnei wie it in stasjon en einpunt fan de Gooische Stoomtram (1881-1945). Letter in hotel en kafee-restaurant.
  • Mole De Onrust, noch altyd yn gebrûk om de Naardermar te bemealen.

Bekende ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]