Nicole Beharie | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nicole Beharie | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 jannewaris 1985 | |
berteplak | West Palm Beach (Floarida) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk Jamaikaansk Nigeriaansk | |
jierren aktyf | 2008 – no | |
offisjele webside | ||
Nicole Beharie op Twitter |
Nicole Beharie (West Palm Beach (Floarida), 3 jannewaris 1985) is in Amerikaansk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf. Hja spile ûnder mear yn 'e films American Violet en Shame en it biografyske sportdrama 42. It bekendst waard Beharie lykwols mei har rol as resjersjeur Abbie Mills yn 'e tillefyzjesearje Sleepy Hollow.
Beharie waard yn 1985 berne yn West Palm Beach, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida, as de dochter fan in Jamaikaanske heit en in Nigeriaanske mem. Om't har heit in Amerikaansk diplomaat wie, brocht Beharie har iere jonkheid fierhinne om utens troch, yn Grut-Brittanje, Jamaika, Nigearia en Panama. Letter begûn se de middelbere skoalle oan 'e Orangeburg Wilkinson High School yn Orangeburg, yn 'e Amerikaanske steat Súd-Karolina. Beharie helle yn 2003 har eineksamens oan 'e South Carolina Governor's School for the Arts & Humanities, in kostskoalle yn Greenville. Fan 2003 oant 2007 die se in keunstoplieding oan 'e Juilliard School yn New York. Teffens wûn se in Shakespeare-stúdzjebeurs om yn Ingelân in aktearoplieding te folgjen.
Yn 2008 makke Beharie har akteardebút yn 'e film American Violet, dêr't se mei-iens de haadrol yn fertolke. Yn datselde jier wie se ek as tsjinspylster fan Rob Brown belutsen by de sportfilm The Express. Yn 'e tillefyzjefilm Sins of the Mother spile Beharie yn 2010 Shay Hunter, in studinte dy't it learen suver boppe de macht giet en dy't ôfset op in reis om har problematyske relaasje mei har mem (in rol fan Jill Scott) te reparearjen.
Yn 2011 song Beharie fiif lieten yn 'e musical en romantyske komeedzje My Last Day without You, as tsjinspylster fan 'e Dútske akteur Ken Duken. Datselde jiers wie se ek te sjen as Marianne yn 'e film Shame, fan Steve McQueen, oer in seksferslaafde man, dy syn myriaden seksuële eskapades en wat der bart as syn koppige jongere suster by him ynlûkt. Yn 2012 hie Beharie de rol fan Piper, in jonge frou mei psychyske problemen dy't as klúzner yn har appartemint libbet, yn 'e filmadaptaasje fan it toanielstik Apartment 4E fan regisseur en toanielskriuwer Russell Leigh Sharman. Yn 2013 spile Beharie fierders Rachel Robinson, de frou fan honkballer Jackie Robinson (spile troch Chadwick Boseman), yn it biografyske sportdrama 42.
Beharie ferskynde yn 2009 foar it earst op 'e tillefyzje mei in gastrol yn 'e searje Three Rivers. Neitiid hie se noch ferskate oare gastrollen, yn searjes as The Good Wife, Law & Order: Special Victims Unit en Bones. Fan 2013 oant 2016 fertolke se ien fan 'e haadrollen, as resjersjeur Abbie Mills, yn 'e fantasytillefyzjesearje Sleepy Hollow, dy't loskes basearre wie op it koarte ferhaal The Legend of Sleepy Hollow, út 1820, fan skriuwer Washington Irving. It wie mei dy rol dat Beharie by in breder publyk bekendheid krige. Fierders stie se yn 2010 en 2011 op Broadway mei de rol fan Margery Jolicoeur yn it stik A Free Man of Color.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|