De normaalskoalle of (Ryks)deinormaalskoalle (ôflaat fan École normale primaire) is in âlde beneaming foar de iepenbiere kweekskoalle (sûnt 1924) en wat letter de PA (sûnt 1969) en nei 1984 de PABO.
De oplieding waard stifte yn 1857 doe't de skoalwet oannomd wie. Dêrfoar bestienen der al partikuliere normaalskoallen. De 'kwekelingen' krigen teoretyske normaallessen en de praktykûnderfining waard opdien yn de legere skoallen. De skoalhaden út de omkriten seagen op de praktyk ta. De normaallessen waarden bûten de gewoane skoaltiden jûn yn iepenbiere skoallen. De oplieding duorre fjouwer jier.
Oant yn de fyftiger jierren wie de normaalskoalle in stúdzjekar nei de acht-jierrige legere skoalle (basisûnderwiis). Foar in soad arbeidersbern wie de normaalskoalle ein 19e iuw en begjin 20e iuw in kâns om troch te learen en sa hegerop te kommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|