Ousternijegea | ||
Klokkestoel fan Ousternijegea | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 80 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A6 | |
Postkoade | 8514 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 56' NB, 5° 49' EL | |
Komboerd | ||
Himrik fan Ousternijegea (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Kaart | ||
Ousternijegea is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, benoarden de Tsjûkemar, east fan de A6. It doarp is in streekdoarp mei losse bebouwing oan de Jetze Veldstrawei. Ousternijegea leit besuden Ousterhaule yn de Trijegeaster Feanpolder.
It doarp hat 80 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
De namme ferwiist nei ouwer( wâl ) en nijegea (nij doarp). It doarp waard út Alde Ouwer wei stifte wêrmei't it feitlik in trijelingdoarp foarmet mei dat doarp en mei Ousterhaule en dêrtroch de Ouster Trijegeaen foarmet. De Oustertrijegean wurde foar it earst neamd yn in tekst fan 26 oktober 1516 fan Worp fan Thabor. Hy is de kleasterabt fan Snits. Dêr wurdt skreaun oer de Ouster vyfgea, dus it is mooglik dat der mear doarpen part fan wiene.
Yn de achttjinde iuw waard de Trijegeaster Polder troch Johan Vegelin van Claerbergen ynpoldere, dochs in part dêrfan rekke in iuw letter ferfeane. Yn de njoggentjinde iuw waard dat part oanmakke. Yn de iere 1970-er jierren wiene der plannen fan de doetiidske gemeente Doanjewerstâl foar in marreplan foar it Trijegeaster Mar yn de polder. Der wie sa'n bot ferset tsjin dat de gemeente dy plannen dêrnei wer ynluts.
De eardere tsjerke dy't op in krúspunt fan paden stie waard yn 1713 ôfbrutsen. Der is doe ien fan de mear as 50 klokkestuollen yn Fryslân dy't yn de feanpolder Ouwstertrijegean op in hichte stiet. By de klokkestoel is yn 2008 in Iepenloftspul spile.
Oant 1984 wie Ousternijegea part fan de gemeente Doanjewerstâl dy't doe opgie yn de gemeente Skarsterlân. Dy gie yn 2014 wer op yn de nije gemeente De Fryske Marren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|