Peest

Peest is in brinkdoarp dat heart ta de gemeente Noordenveld yn de provinsje Drinte. Oant 1 jannewaris 1998 wie Peest ûnderdiel fan de gemeente Norg. It doarp hie op 1 jannewaris 2008 80 ynwenners.[1] De namme is mooglik ôflaat fan it Latynske (Romeinske) Pastio of Pieste, dat (barge-)greide betsjut. De âldste skriftlike fernijing fan Peest is fan ± 1300, mar út archeologyske fynsten mei oannomd wurde dat de streek al foar de jiertelling bewenne wie.

Peest heart ta de âldere doarpen fan Drinte; al tusken 1298 en 1304 komt Peest al foar yn de registers fan ynkomsten dy't de proasdij fan Sint Piter yn Utert tabehearre. Oant ± 1900 stienen de pleatsen allegear om en by de Brink, nei 1900 hat it doarp him oan de westkant rjochting Noarch útwreide.

Dêr't de Skiepsdyk en de Fjildwei gearkomme, stiet de Lebbestaok. No stiet der ek in tinksteen. Eartiids waard dit plak oanjûn mei in skylde jonge iik. Op dit plak, doe noch woaste heide, soe yn it fiere ferline (op in kaart út 1639 stiet dizze stoak al oanjûn) in deade frou fûn wêze mei de namme 'Lebbe'. De boeren út Peest woenen net foar de begraffeniskosten opdraaie en bewearden dat de frou net yn harren 'marke' lei. De boeren út Zeijen wienen der wis fan dat de frou wol yn de Peester marke lei. Uteinlik hawwe de boeren fan Zeijen de frou begroeven ûnder it beding dat it fynplak tagelyk de skieding waard tusken de beide markes. It skynt dat Peest doe hiel wat hektares fan har marke kwytrekke is.[2]

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Westerfean by Peest

Peest waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers brûkt as strategysk punt. Yn 1941 waard ynwenners fan Noarch en omkriten ôpdracht jûn om mei te wurkjen by de oanlis fan in fleanfjild. Yn it sompige gebiet, krekt bûten Peest, waarden 4 lanningsbanen makke. Ek kaam der in wetterbekken yn de foarm fan in fleantúch, dy't út de loft wei goed werom te kennen wie. Oare boarnen beweare, dat de ôfgraving de foarm fan in heakekrús útbyldzje moast. Dit wetterbekken, Westerfean neamd (yn de folksmûle ek wol Hitlerring) wie tagelyk bedoeld as wetterfoarsjenning yn gefal fan brân. Yn tiid fan oarloch wienen der yn Peest wol twa brânwarkazernes. [3] De lanningsbanen blykten fierstente sompich foar fleantugen, sadwaande is it fleanfjild mar ien kear brûkt. Ek wie de oarloch al hast oer doe't it fleanfjild ree wie. Neist it fleanfjild en it Westerfean waard ek in dikke bunker boud, dy't noch altiten te besjen is. Begjin 2011 waarden de lêste eksplosiven út it terrein fuorthelle. Sûnt 1999 binne 200.000 stiks munysje weihelle.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeente Noordenveld: Peest

  1. CBS Statline
  2. Asser Histoaryske Feriening [1]
  3. Oorlogsmonumenten Sporen van de oorlog - Drenthe
  4. Drents oorlogsvliegveld bommenvrij, NOS.nl, 18 febrewaris 2011
Noardenfjild
Doarpen:
RoanAltenaFeanhuzenIenLangeloLeutingewoldeLieverenNietapNij-RoanNoarchPeestPeizePeizermadeRoaneriesRoanerwâldeSteenbergenWesterveldeZuidvelde
Buorskippen:
Allardseach (foar in part)AlteveerAmerikaBoerlaanIen-WestDe StreekFoxwoldeHuis ter HeideKlunderveenMatslootNorgerfeart (foar in part)Oostindië (foar in part)PeizerwoldDe PolSandebuurTerheijl
· · Berjocht bewurkje