Piscine Molitor | ||
bouwurk | ||
It bûtenbad nei de renovaasje, yn 2015. | ||
lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Île-de-France | |
gemeente | Parys | |
plak | Parys | |
adres | 4 Rue Nungesser et Coli | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | swimbad mei hotel | |
boujier | 1929 | |
arsjitekt | Lucien Pollet | |
boustyl | art-déco | |
monumintale status | monument historique | |
oare ynformaasje | ||
lingte | 33 m (binnenbad) 50 m (bûtenbad) | |
offisjele webside | ||
www.mltr.fr | ||
kaart | ||
It Piscine Molitor (letterlik: "Swimbad fan Molitor"; Frânske útspr.: [piˈsin moliˈtɔʀ], likernôch: "pi-syn moo-li-toch"), ek bekend as de Piscines Auteuil-Molitor of de Grand Établissements Balnéaires d'Auteuil, is in bekend swimbadkompleks mei byhearrend hotel yn 'e Frânske haadstêd Parys. It leit yn Porte Molitor, yn it 16e Arondissemint fan Parys, fuort njonken it park Bois de Boulogne, yn 'e neite fan 'e tennisbanen fan it Stade Roland Garros. It kompleks waard yn 1929 yn art-décostyl boud nei in ûntwerp fan arsjitekt Lucien Pollet. It Piscine Molitor wie yn 1946 it plak dêr't de wrâldwide yntroduksje fan 'e bikiny plakfûn. Yn 1989 waard it kompleks sletten. It jiers dêrop krige it in monumintale status, mar it rekke yn ferfal en it duorre noch oant 2008 ear't der in renovaasje begûn, wêrnei't yn 2014 de weriepening folge.
Yn 'e 1920-er jierren waarden yn Parys ferskate nije iepenbiere swimbaden boud. Yn dy tiid tsjinnen dy faak ek as fasiliteiten om jin te waskjen en om te baaien, mei't doe in protte Frânske wenten doe noch gjin badkeamer omfetten.
It Piscine Molitor waard yn 1929 boud nei in ûntwerp yn art-décostyl fan arsjitekt Lucien Pollet, dy't yn opdracht fan 'e organisaasje Les Belles Piscinies de France wurke, en tsjin dy tiid al trije oare swimbadkompleksen ûntwurpen hie. It kompleks bestie út in binnenbad en in bûtenbad mei byhearrend hotelgebou, wêrby't de beide baden in T foarmen. It binnenbad meat 33 m en it bûtenbad 50 m. Pollet liet him ynspirearje troch it wurk fan syn kollega Robert Mallet-Stevens en joech it bûtenbad foarm om in grut passazjiersskip nei te bearen, troch der trije ferdjippings oan hotelkeamers op útkomme te litten. It hiele kompleks waard foarsjoen fan glês-yn-leaddekoraasjes fan Louis Barillet. Pollet sels neamde it kompleks de Grand Établissements Balnéaires d'Auteuil, it Grutte Strânetablissemint fan Auteuil, mei't om it bûtenbad hinne in ûndergrûn fan sân oanlein waard, as wie it in strân. Pollet syn namme foar it swimbadkompleks rekke lykwols al rillegau yn ûnbrûk.
De iepening fan it Piscine Molitor fûn plak yn 'e simmer fan 1929, en waard ferrjochte troch de Olympyske swimmers Aileen Riggin, Matthew Gauntlett en Johnny Weissmuller. Yn it swimbadkompleks waarden neitiid gauris moadeshows en teäterfoarstellings holden en ek fûn der training foar keunstriden plak, mei't it bûtenbad oant yn 'e 1970-er jierren winterdeis tsjinst die as iisbaan. Yn 1946 presintearre moadeûntwerper Louis Réard ûnder in moadeshow de earste moderne bikiny yn it Piscine Molitor, dy't droegen waard troch mannekên Micheline Bernardini.
Yn 1989 stelden projektûntwikkelers oan it gemeentebestjoer fan Parys foar om it Piscine Molitor te slopen en de frijkommen romte te brûken foar nijbou. Yn dy plannen soe it plak fan it bûtenbad in parkearterrein wurde. Yn tarieding dêrop waard it kompleks op 31 augustus 1989 sletten. In groep fan boargers dy't it net iens wiene mei de plannen, kaam yn aksje en rjochte de organisaasje S.O.S. Molitor op. Harren krewearjen tsjin 'e sloop fan it kompleks droech yn 1990 frucht, doe't it hiele kompleks de status fan in monument historique ("histoarysk monumint") krige.
Dat betsjutte dat de nijbouplannen net trochgean koene. It gemeentebestjoer lei him dêr net by del en der ûntstie in ympasse dy't de hiele 1990-er jierren duorre, oant it Frânske ministearje fan Kultuer op 5 augustus 2000 definityf it near op 'e nijbou lei. Yn 'e tuskentiid hie it leechsteande kompleks slim te lijen hân fan min waar, efterstallich ûnderhâld en fandalisme troch lju dy't der ynbrutsen hiene. Om't der net folle mear oan stikken koe, waard op 14 april 2001 in fergees tagonklik dûnsfeest fan 'e elektroanyske muzykkollektyf Heretik System yn it bûtenbad holden, dat in hiele nacht duorre en dêr't sa'n 5.000 minsken op ôf kamen.
Pas yn augustus 2007 waard der avensearre mei de plande renovaasje fan it Piscine Molitor. Bertrand Delanoë, de boargemaster fan Parys, woe it kompleks nij libben ynblaze mar der sa min mooglik belestingjild oan besteegje. Trije bedriuwen strieden om 'e tawizing: Colony Capital, ICADE en GTM Construction. Yn oktober 2008 waard bekendmakke dat in konsortium besteande út Colony Capital, Accor en Bouygues mei it projekt úteinsette mocht. It wie eins de bedoeling dat it Piscine Molitor yn 2012 weriepene wurde soe, mar dy datum waard net helle. Uteinlik fûn de feestlike weriepening plak op 19 maaie 2014. De renovaasje hie yn totaal €64,8 miljoen koste. Behalven de beide swimbaden hearden no ta it kompleks: in fjouwerstjerrehotel, in fitness-sintrum, in klinyk, ferskate restaurants en winkels en in parkeargaraazje.
Yn 2012 krige it Piscine Molitor wrâldwide bekendheid troch de mannichfâld bekroande film Life of Pi, nei de roman mei deselde namme fan Yann Martel. It titelpersonaazje út it boek en de film, Piscine Molitor "Pi" Patel, is ferneamd nei it swimbad.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|