Racquel Darrian | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Raquel Darrian, Raquel Darian, Racquel, R. Devon, R. Davon, R. Damian, R. Damien, R. Derrian, Raquel Corben | |
echte namme | Kelly R. Jackson | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 july 1968 | |
berteplak | Hutchinson (Kansas) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Yndiaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1988 – 2008 | |
offisjele webside | ||
www.racqueldarrian.com |
Racquel Darrian, echte namme: Kelly Jackson (Hutchinson (Kansas), 21 july 1968), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Amerikaansk-Yndiaansk komôf, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere is as Raquel Darrian of Raquel Darian, en dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Racquel, R. Devon, R. Davon, R. Damian, R. Damien, R. Derrian en Raquel Corben.
Racquel Darrian waard berne yn Hutchinson, yn 'e steat Kansas, mar ferfear yn 1975 mei har âldelju nei it Kalifornyske Los Angeles, dêr't se opgroeide. Yn 1988 begûn se te posearjen foar neakenblêden, wat datselde jiers noch late ta har debút yn har earste pornografyske film. Yn 't earstoan spile se inkeld yn lesbyske films, lykas Lez'be Friends (1988) en No Boys Allowed (1991), mar meitiid begûn se ek heteroseksuële pornografy te meitsjen mei akteur Derrick Lane. Yn 1994 troude se mei him (yn 2000 rûn it houlik op in skieding út). It pear krige yn july 1997 in dochter, dy't se Brooke neamden, en wurke jierrenlang allinnich mar mei-inoar. Pas yn 'e lêste pear jier fan har pornokarriêre spile Darrian ek mei oare manlju.
Racquel Darrian wie yn 'e jierren njoggentich ien fan 'e grutte nammen yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en waard wol de Brunette Goddess of Porn (de "Brúnhierrige Goadinne fan 'e Porno") neamd. Ek wie se ien fan 'e kontrakstjerren fan 'e studio Vivid Entertainment. Yn har goed tsienjierrige karriêre wurke se mei mear as hûndert ferskillende froulike tsjinspylsters, mar mei mar sân ûnderskate manlju. Yn totaal makke se 103 pornofilms en wûn se ien AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Yn 2000 beëinige se har pornokarriêre en sette se har nei wenjen yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada. Yn 2002 waard se ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Njonken har aktearwurk gie se yn 'e njoggentiger jierren ek troch mei te wurkjen as neakenmodel. Sa stie se yn 1990 yn 'e Penthouse as de Penthouse Pet fan 'e moanne oktober (ûnder de namme Kelly Jackson), en makke se yn 1996 diel út fan spesjale nûmer dat de Playboy dat jiers oan strippers wijde. Ek wie se te sjen yn Hustler, Velvet en Chéri.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1993 | AVN Award | wûn | bêste opfiering fan in striptiis | Bonnie and Clyde |
2000 | AVN Award | nominearre | bêste aktrise (film) | Original Sin |
2002 | AVN Award | ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |