Red (filmsearje)

Red
betinker Warren Ellis
Cully Hamner
eigner Summit Entertainment
lân Feriene Steaten
begjinjier 2010
einjier 2013
films
langspylfilms Red
Red 2
literatuer
strips Red
offisjele webside
red-themovie.com

Red is in Amerikaanske filmsearje fan 'e aksjekomeedzje- en spionaazjesjenres, dy't ynspirearre waard troch de stripsearje mei deselde namme fan 'e ymprint Homage fan DC Comics. Der binne (anno 2021) twa films yn dizze rige makke: Red út 2010 en Red 2 út 2013. De titel is ûntliend oan 'e ôfkoarting Retired, Extremely Dangerous ("Pinsjonearre, Ekstreem Gefaarlik"). De films geane oer de pinsjonearre CIA-agint Frank Moses, spile troch Bruce Willis, dy't mei in bûnt selskip fan oare spionnen op jierren de flier oanfaget mei de jongere generaasje.

De Wikipedy hat ek in side Red (film út 2010).

Yn Red stjoert immen in groep hierlingen om 'e pinsjonearre CIA-man Frank Moses (Bruce Willis) út 'e wei te romjen. Ynstee rommet Moses it hierlingeteam út 'e wei. Dêrnei giet er op 'e siik nei dejinge dy't efter de moardoanslach sit, wêrby't er Sarah Ross (Mary-Louise Parker), de frou mei wa't er krekt in relaasje begûn is en dy't dêrom ek in doelwyt foar syn fijannen wurden is, op sleeptou nimt. Se krije help fan inkele oare âld-CIA-lju: de paranoïde Marvin Boggs (John Malkovich) en de terminaal sike Joe Matheson (Morgan Freeman), en ek fan 'e eardere skerpskutter foar MI6 Victoria Winslow (Helen Mirren) en KGB-spion op jierren Ivan Simanov (Brian Cox). Underwilens wurde se oanhâldend efterfolge troch de jonge CIA-agint William Cooper (Karl Urban). Uteinlik docht bliken dat it befel om Moses om te bringen fan it alderheechste nivo komt.

Red waard regissearre troch de Dútske regisseur Robert Schwentke nei in senario fan Jon Hoeber en Erich Hoeber, dat basearre wie op 'e stripsearje Red út 2003-2004. De film gie op 15 oktober 2010 yn premiêre, en brocht $199 miljoen op tsjin in budget fan $58 miljoen.

De Wikipedy hat ek in side Red 2 (film).

Yn Red 2 docht bliken dat de fijannen fan Frank Moses (Bruce Willis) noch altyd efter him oan sitte. Hy wit nammentlik tefolle (of krekt net genôch, ôfhinklik fan hoe't je it besjogge) fan Operaasje Nightshade. Dat wie in topgeheime misje yn 'e Kâlde Oarloch om in kearnwapen de Sovjet-Uny binnen te smokkeljen. Mei help fan Sarah Ross (Mary-Louise Parker), Marvin Boggs (John Malkovich), Victoria Winslow (Helen Mirren) en Ivan Simanov (Brian Cox) moat Moses sjen dat er sawol de Russen, yn 'e foarm fan generaal-majoar Katja Petrovitsj (Catherine Zeta-Jones) en korrupte Amerikaanske aginten û.l.f. Jack Horton (Neal McDonough) as de Súdkoreaanske hiermoardner Han Cho Bai (Byung-hun Lee) te fluch ôf is. Se fine de deawaande dr. Edward Bailey (Antony Hopkins), de ûntwerper fan it eksperimintele kearnwapen, werom yn in Britske finzenis, mar der blykt in goede reden te wêzen wêrom't er dêr al dy jierren fêstholden is.

Red 2 waard regissearre troch Dean Parisot nei in senario fan Jon Hoeber en Erich Hoeber. De film gie op 19 july 2013 yn premiêre, en brocht $148,1 miljoen op tsjin in budget fan $84 miljoen.

Fierdere ûntwikkelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 2013 makke filmstudio Lionsgate Films, de memme-ûndernimming fan Summit Entertainment, bekend dat de preproduksje úteinset wie foar in trêde diel yn 'e filmsearje, mar anno 2021 is dat noch altyd net yn produksje nommen. Yn 2015 kundige it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC oan dat der plannen wiene foar it meitsjen fan in tillefyzjesearje op basis fan Red.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.