Rudolf Ismayr | ||
![]() | ||
![]() | ||
Rudolf Ismayr (1932) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Rudolf Ismayr | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 14 oktober 1908 | |
berteplak | Landshut | |
stjerdatum | 9 maaie 1998 | |
stjerplak | Marquartstein | |
gewicht | 74 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Gewichtheffen | |
O.S. | Los Angeles 1932, Berlyn 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() ![]() ![]() ![]() |
Rudolf Ismayr (Landshut, 14 oktober 1908 - Marquartstein, 9 maaie 1998) wie in Dútsk gewichtheffer.
Hy die seis kear mei oan Europeeske kampioenskippen en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear Europeesk kampioen, en yn Los Angeles Olympysk kampioen yn de klasse oant 75 kg, fjouwer jier letter yn Berlyn wûn Ismayr in sulveren medalje yn dizze klasse.
Ismayr waard yn 1937 lid fan de NSDAP, Fan 1940 oant 1945 ferfolle er militêre tsjinst en wie er kriichsfinzene fan de Brittenn oant de hjerst fan 1946. Nei de kriich wie jurist Ismayr tsjinstanner fan it op'e nij fieren fan'e tsjinstplicht, en belutsen by protesten tsjin kearnwapens. Yn 1957 stelde er him ferkiesber foar de Bund der Deutschen en yn 1961 en 1965 foar de Deutsche Friedens-Union Letter waard er lid fan de Deutsche Kommunistische Partei.
Rudolf Ismayr ferstoar op 9 maaie 1998, yn 'e âldens fan 89 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|