Sientje van Houten

Sientje van Houten
keunstner
Sientje Mesdag-van Houten (± 1905)
Sientje Mesdag-van Houten (± 1905)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sientje van Houten
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 desimber 1834
berteplak Grins
stoarn 20 maart 1909
stjerplak De Haach
wurkpaad
wurksum as Keunstskilderesse
streaming Haachske Skoalle
jierren aktyf 1870 - 1909
Hantekening

Sientje van Houten, soms ek Sina neamd (Grins, 23 desimber 1834 - De Haach, 20 maart 1909), wie in Nederlânsk keunstskilderesse. Sy wie troud mei de skilder Hendrik Willem Mesdag.

Van Houten wie de âldste fan sân bern fan Derk van Houten en Barbara Elisabeth Meihuizen. Ien fan har broers wie de lettere minister Samuel van Houten. Har heit hie in grutte houtseachmûne oan it Damsterdjip. Sy boaske op 23 april 1856 yn Grins mei de effektehanneler Hendrik Willem Mesdag, de lettere marineskilder fan de Haachske Skoalle.

Sientje stipe har man yn 1864 doe't dy syn berop oerjoech om him allinne mar oan it skilderjen te wijen. Dy kar koe er meitsje troch de erfenis dy't Sientje krige nei it ferstjerren fan har heit. Sels tekene en skildere se ek. Nei it stjerren fan har iennichst bern yn 1871 - it soantsje Klaas fan hast acht - wijde hja har, lykas ek har man, hielendal oan de skilderkeunst. Se lei har ta op lânskipskilderkeunst en stillibbens, mar hja skildere ek portretten. Johannes Christiaan d'Arnaud Gerkens (1823-1892) wie har tekenlearmaster. By it skilderjen waard se troch de skilders Willem Roelofs en Lourens Alma Tadema, har oantroude neef, op wei holpen. Yn 1881 skildere se mei oan it Panorama Mesdag. By dy put waard se troch har man al skilderjend oan it panorama portretearre. Ek yn it panorama sels is se, efter har ezel, ôfbyld.

Yn 'e mande mei Gerardine van de Sande Bakhuyzen, Kate Bisschop-Swift en Margaretha Roosenboom skildere se yn 1874 "Haagse weeskinderen", in skilderij foar de doetiidske keninginne Sophie by gelegenheid fan it 25-jierrich regearingsjubileum fan har man kening Willem III.

Van Houten har wurk waard ek yn it bûtenlân útstald, lykas Australië, België, Ingelân, Frankryk, Italië, Eastenryk en de Feriene Steaten. Yn 1884 krige ien fan har lânskippen in gouden medalje op in tentoanstelling yn Amsterdam en yn 1889 waard har yn Parys in brûnzen medalje takend foar in heidelânskip. Ek yn Melbourne waard har wurk bekroand mei brûns. Sy wie lid fan de Hollandsche Teekenmaatschappij en fan Pulchri Studio yn De Haach.

Op har santichste jierdei yn 1904 waard fereare mei in tentoanstelling yn de sealen fan Pulchri Studio. Op 21 desimber 1904 waard se beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Sy stoar yn De Haach op 20 maart 1909 en kaam te hôf op Oud Eik en Duinen. Dêr waard ek har man yn 1915 beïerdige en yn 1930 ek har broer Samuel yn itselde grêf byset.

It Gemeentemuseum De Haach, Panorama Mesdag, it Ryksmuseum Amsterdam, it Grinzer Museum, it Drintsk Museum te Assen, de Fraeylemaborg yn Slochteren, Museum Lambert van Meerten yn Delft en de Mesdag Collectie hawwe wurk fan har op 'e noed.

  • Douma, Marian en Maartje de Haan, Olieverf, penselen en zeewater: de schildersvrienden Betzy Akersloot-Berg, Hendrik Willem Mesdag en Sientje Mesdag-van Houten, Swol, 2010
  • Clercq, Sarah de en Johan Poort, Sientje Mesdag-van Houten, 1834-1909, Wassenaar/Laren, 2000
  • Oele, Anneke [et al.], Bloemen uit de kelder: negen kunstenaressen van rond de eeuwwisseling, Swol, 1989
  • Poort, Johan, Hendrik en Sientje in de Paauw, Wassenaar, 1989
  • H. W. Mesdag, S. Mesdag-van Houten : hun leven, werken en succes, De Haach, 8e printinge 1979
  • Boele van Hensbroek, P.A.M. en G.H. Marius, Het museum Mesdag en zijne stichters, Amsterdam, 1909/1910
  • Eere-tentoonstelling van kunstwerken van mevrouw S. Mesdag-van Houten, De Haach, 1904

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat