Solomon Kane (personaazje)

Solomon Kane
persoanlike bysûnderheden
sekse man
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Ingelsk
berop/amt ferskaat
oare ynformaasje
attributen degen, dagge, pistoalen
geastlike heit Robert E. Howard
ûntstean 1928

Solomon Kane is in fiktyf personaazje dat yn 1928 betocht waard troch de Amerikaanske skriuwer fan pulpfiksje Robert E. Howard, better bekend as de geastlike heit fan in oar personaazje, Conan de Barbaar. Kane is in puritein út it Keninkryk Ingelân dy't oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw en it begjin fan 'e santjinde iuw libbet yn 'e Elizabetaanske Tiid en de dêropfolgjende jierren. Hy doarmet as aventoersman oer de wrâld en hat skynber gjin oar doel as om kwea yn lykfol hokker foarm út te rûgjen.

Beskriuwing fan it personaazje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Howard beskriuwt Solomon Kane as in lange man mei in bleke blanke hûdskleur, in holeagich gesicht en in kâlde blik. Hy klaait him folslein yn it swart en draacht in swaaier, in santjinde-iuwske filtene hoed mei in brede sloppe râne, faak mei in plom by de bân yn. Syn wapenreau bestiet ornaris út in degen en in dagge foar man-tsjin-mangefjochten, oanfolle mei in pear ienskots pistoalen mei in fjoerstienslot. Fan syn freon, de Afrikaanske sjamaan N'Longa, hat er fierders de Stêf fan Salomo (Staff of Solomon) krigen, in oerâlde, mei hieroglifen oerdutsen stêf mei boppenatuerlike krêften yn 'e bestriding fan it kwea, dy't lykwols by need ek as sljochtwei kneppel tsjinst dwaan kin.

Karakter en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan karakter is Kane in sombere, nearzige man dy't net in protte wille yn it libben liket te hawwen. Syn komôf is dizenich, al komt út it gedicht Solomon Kane's Homecoming nei foarren dat er yn in plak oan see yn it Keninkryk Ingelân opgroeid is. Itselde gedicht neamt ek in Bess, mei wa't er as jongfeint romantysk belutsen west liket te hawwen. It gedicht ferhellet hoe't Kane nei jierren fan omdoarmings thús komt, dêr't er ûntdekt dat Bess al sân jier lyn ferstoarn is, wêrnei't er wer ôfset. Dat wurdt yn 'e regel sa opfet: Kane en Bess wiene fereale opinoar, mar syn rêsteleas aard dreau him om aventoeren om utens te sykjen. Doe't er úteinlik wer thús kaam, mooglik om't er ree wie om him mei Bess op in fêst plak nei wenjen te setten, ûntdiek er dat er te let wie. Dêrop ferbriek er alle bannen mei syn âlde thús en sette er wer ôf om nea werom te kommen.

Guon lêzers nimme soms oan dat 'Bess', in Ingelske ropnamme foar 'Elizabeth', ferwiist nei keninginne Elizabeth I fan Ingelân, mar dat kin net klopje, want dy hie net folle op mei puriteinen. Yn ien fan 'e koarte ferhalen oer Kane seit er sels oer de keninginne: "Sy hat eigenhannich de minsken fan myn leauwe foarliigd en ferret [...]." De kâns dat er sêftsedige gefoelens foar har hawwe soe, liket dêrmei fersjoen te wêzen. Boppedat is de keninginne ek net te hôf kommen yn in plakje oan see, sa't it gedicht oer Bess ferhellet.

Yn it earste ferhaal dêr't er yn ferskynt, Red Shadows, fynt Kane earne yn Frankryk in famke dat oanfallen is troch in binde strûkrôvers ûnder lieding fan in krimineel dy't himsels le Loup ("de Wolf") neamt. As it famke yn syn earms ferstjert, beslút Kane om har te wreekjen. Hy giet efter le Loup oan op in spoar dat him nei Afrika liedt, dêr't er foar it earst de sjamaan N'Longa moetet. De plot fan Red Shadows is karakteristyk foar de ferhalen oer Kane, dy't troch Jeropa en Afrika doarmet en gjin oar doel liket te hawwen as it bestraffen fan kwea dat op syn paad komt. Yn oare aventoeren nimt Kane it op tsjin seerôvers, korrupte eallju, slavehellers en fampieren.

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

koarte ferhalen oer Solomon Kane publisearre troch Robert E. Howard:

koarte ferhalen postúm publisearre:

fragminten, faak letter ôfmakke troch oare skriuwers:

De ferhalen oer Solomon Kane binne ta ferskate oare media adaptearre, wêrby't ek folslein nije ferhalen optocht binne. Sa waard de stripsearje Solomon Kane yn 'e 1970-er en 1980-er jierren yn 'e Feriene Steaten publisearre troch útjouwerij Marvel Comics en fan 2008 ôf op 'e nij troch Dark Horse Comics. Yn 2007 brocht Pinnacle Entertainment Group in rollespul út dat basearre wie op Solomon Kane en syn wrâld. In spylfilm oer it personaazje, mei as titel Solomon Kane, kaam út yn 2009, mei akteur James Purefoy yn 'e titelrol.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.