Star Trek: Strange New Worlds is in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't diel útmakket fan 'e Star Trek-franchise en fan 'e Star Trek-revival dy't begûn yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren. It is in science fiction-searje dy't ûntstie as spin-off fan Star Trek: Discovery. Yn it twadde seizoen fan dy rige (2019) waarden ntl. de personaazjes yntrodusearre dy't de haadrollen spylje yn Star Trek: Strange New Worlds. Anno 2023 rint de searje twa seizoenen. Yn 2022 wûn Star Trek: Strange New Worlds de Saturn Award foar bêste streamde science fiction-searje. De rige is te sjen fia de streamingtsjinst Paramount+.
Star Trek: Strange New Worlds wie in betinksel fan Alex Kurtzman, dy't al langer by de Star Trek-franchise belutsen wie. Syn idee wurke er fierder út yn 'e mande mei Akiva Goldsman en Jenny Lumet. De searje waard produsearre troch Andrea Raffaghello foar de tillefyzjestudio's Secret Hideout, Weed Road Pictures, H M R X Productions, Roddenberry Entertainment en de CBS Studios. As útfierende produsinten wiene der behalven Kurtzman, Goldsman en Lumet ek Henry Alonso Myers, Heather Kadin, Frank Siracusa, John Weber, Rod Roddenberry, Trevor Roth en Aaron Baiers by belutsen. De titelmuzyk waard komponearre troch Jeff Russo, wylst Nami Melumad ferantwurdlik wie foar de soundtrack.
De produksje fan Star Trek: Strange New Worlds sette yn maart 2020 útein, mar rûn fertraging op troch de beheinings yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy. De opnamen foar it earste seizoen fûnen plak fan febrewaris oant july 2021 yn 'e CBS Stages Canada yn Mississauga, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. In twadde seizoen waard yn 2022 opnommen. Beide seizoenen bestiene út tsien ôfleverings, elts mei in spyldoer fan 45 minuten. De searje waard fan maaie 2022 ôf ferpraat fia Paramount+, de streamingtsjinst fan filmstudio Paramount Pictures, dy't de rjochten op 'e Star Trek-franchise yn 'e hannen hat. In trêde seizoen waard yn maart 2023 oankundige, mar de opnamen dêrfan rûnen fertraging op troch de stakings fan it Writers Guild of America (it fakbûn fan senarioskriuwers) en SAG-AFTRA (it fakbûn fan akteurs).
Yn 'e gronology fan Star Trek spilet Strange New Worlds likernôch tsien jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Trek: The Original Series (út 'e 1960-er jierren) en nei de foarfallen út 'e slotôflevering fan it twadde seizoen fan Star Trek: Discovery.
Star Trek: Strange New Worlds is basearre op Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren, en hâldt deselde ferhaalopbou oan. Dat betsjut dat de ôfleverings allegearre op harsels steande ferhalen binne, wylst oare hjoeddeistige Star Trek-searjes, lykas Star Trek: Discovery en Star Trek: Picard, trochrinnende ferhaallinen hawwe, sadat de rige in ferfolchsearje wurdt.
Star Trek: Strange New Worlds folget de aventoeren fan 'e bemanning fan 'e USS Enterprise, in trijeëntweintichste-iuwsk romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, by harren ferkenningsreis troch de Molkewei. De wichtichste personaazjes binne kaptein Christopher Pike (Anson Mount), syn earste ofsier Una Chin-Riley oftewol 'Number One' (Rebecca Romijn) en luitenant Spock (Ethan Peck), in bûtenierdske Vulcaniër.
personaazje | akteur/aktrise |
kaptein Christopher Pike | Anson Mount |
Una Chin-Riley / 'Number One' | Rebecca Romijn |
Spock | Ethan Peck |
Joseph M'Benga | Babs Olusanmokun |
La'an Noonien-Singh | Christina Chong |
Nyota Uhura | Celia Rose Gooding |
Christine Chapel | Jess Bush |
Erica Ortegas | Melissa Navia |
Hemmer | Bruce Horak |
seizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
---|---|---|---|---|
1 | 10 | 5 maaie 2022 | 7 july 2022 | Paramount+ |
2 | 10 | 15 juny 2023 | 17 augustus 2023 |
Star Trek: Strange New Worlds krige oer it algemien tige loovjende resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy. It earste seizoen fan 'e searje hat op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, in goedkarringspersintaazje fan 99%, basearre op 84 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, leit dat sifer op 76% op basis fan 14 resinsjes. It twadde seizoen hat op Rotten Tomatoes in goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 50 resinsjes, en op Metacritic in goedkarringspersintaazje fan 88% basearre op 11 resinsjes.
De searje wûn yn 2022 de Saturn Award foar bêste streamde science fiction-tillefyzjesearje. Ek waard Star Trek: Strange New Worlds dat jiers nominearre foar noch trije oare Saturn Awards (bêste akteur, bêste byrol fan in akteur en bêste byrol fan in aktrise yn in streamde searje foar Anson Mount, resp. Ethan Peck en Jess Bush) en teffens foar de Emmy Award foar bêste lûdsmontaazje yn in tillefyzjesearje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |