Tom Custer

Tom Custer
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Thomas Ward Custer
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 maart 1845
berteplak New Rumley (Ohio)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18611865 & 18671876
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang luitenant-kolonel (1865)
befel C Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Namozine Church
Slach by Sayler's Creek
Tredde Slach om Chattanooga
Bloedbad fan de Washita
Slach by Honsinger Bluff
Slach oan de Little Bighorn
ûnderskiedings Medal of Honor 1865 (2x)

Tom Custer (folút: Thomas Ward Custer; New Rumley (Ohio), 15 maart 1845 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch twa kear de Medal of Honor takend krige foar syn moed op it slachfjild. Hy is lykwols benammen bekend wurden as de jongere broer fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dy't yn 1876 it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint nei de ûndergong late yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn tsjin 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen. Tom Custer hie dêrby it befel oer C Kompanjy fan it 7e Kavaleryrezjimint, en kaam tegearre mei syn broer om.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Custer waard yn 1845 berne yn New Rumley, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan boer en hoefsmid Emanuel Henry Custer (1806-1892) en dy syn frou Marie Ward Kirkpatrick (1807-1882). Oan syn heitekant stamme er ôf fan Paulus en Gertrude Küster, Dútske emigranten út it Rynlân dy't omtrint 1693 oerkommen wiene nei Amearika. Syn mem wie fan mingd Ingelsk en Skotsk etnysk komôf. Tom Custer wie de trêde soan yn it gesin fan syn âlden. Syn âldste broer wie Nevin, dy't in swakke sûnens hie. De twadde broer wie George Armstrong Custer en Tom Custer hie in jongere broer dy't Boston hiet en in jongere suster, Margaret. Teffens wiene der noch ferskate âldere healbruorren en -susters.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) naam Custer yn septimber 1861 mei sechstjin jier tsjinst yn it Noardlike Leger, as soldaat yn it 21st Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Ohio. Hy focht mei yn ferskate fjildslaggen, wêrûnder de Slach by Stones River en de Tredde Slach om Chattanooga (ek wol bekend as de Slach by Missionary Ridge). Teffens naam er diel oan 'e Atlanta-kampanje fan generaal William Tecumseh Sherman. Yn oktober 1864 swaaide Custer as korporaal ôf út 'e milysje fan Ohio om dêrnei in kommisje as twadde luitenant oan te nimmen yn B Kompanjy fan it 6e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Michigan, dat ûnder befel stie fan syn broer George.

Under it lêste jier fan 'e oarloch fungearre er sadwaande as de adjudant fan syn broer, wêrby't er fia de rangen fan kaptein en majoar opklom ta luitenant-kolonel, hoewol't er mar kwealk tweintich jier âld wie doe't de oarloch einige. Foar de moed dy't er op it slachfjild betoande yn 'e Slach by Namozine Church, op 3 april 1865, en yn 'e Slach by Sayler's Creek, op 6 april 1865, wêrby't er beide kearen in rezjimintsflagge fan it leger fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika bútmakke, waard Tom Custer twaris in Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding.

Tsjinst ûnder it Bloedbad fan de Washita

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch waard Custer (fanwegen in oerskot oan ofsieren nei de ôfslanking fan it leger yn fredestiid) yn rang weromset nei earste luitenant. Yn dy hoedanichheid waard er yn 1866 tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat legere wie yn Fort Riley, yn Kansas. Dêr tsjinne er op 'e nij ûnder syn broer George, dy't de fjildkommandant fan dat rezjimint wie. Yn 1868 rekke Custer ferwûne by it Bloedbad fan de Washita, wêrby't it 7e Kavaleryrezjimint it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen oanfoel en foar in diel útmoarde.

By dy slachtpartij waarden 53 Sjajinske froulju en bern troch it 7e Kavaleryrezjimint kriichsfinzen nommen, wêrûnder Maitydsgers, de dochter fan it opperhaad Lytse Rots, dy't sels by de oanfal op it doarp om it libben kommen wie. Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Súdlike Sjajinnen, mar ek neffens it tsjûgenis fan kaptein Frederick Benteen en haadferkenner Ben Clark ûnderhold Custer syn broer George yn de winter fan 1868 op 1869 in seksuële relaasje mei de doe santjinjierrige Maitydsgers. Hja skonk yn jannewaris 1869 it libben oan in jonkje, dat de namme Giele Fûgel krige, en dat in soan fan Custer west hawwe soe. Mei't dat twa moanne nei it bloedbad wie, moat de relaasje al foartiid begûn wêze. Neffens de Sjajinske oerlevering krige Maitydsgers ein dat jiers noch in twadde bern, dat ek oanset wêze soe troch Custer. Letter soed er Maitydsgers en syn heal-Yndiaanske bern ûnder druk fan syn blanke frou Elizabeth Clift Bacon yn 'e steek litten hawwe. Guon histoarisy leauwe lykwols dat George Armstrong Custer steryl wurden wie nei't er yn syn tiid as kadet oan de Amerikaanske Militêre Akademy te West Point gonorroe oprûn hie, en dat de heit fan 'e beide bern eins Tom Custer west hawwe moat.

Tsjinst ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it Bloedbad fan de Washita tsjinne Tom Custer in hoart yn detasjearre tsjinst as lid fan 'e besettingsmacht fan it Noarden yn 'e oerwûne Súdlike steat Súd-Karolina. Yn 1873 waard it 7e Kavaleryrezjimint oerpleatst nei de Dakota's, dêr't it yn Fort Abraham Lincoln legere waard. Datselde jiers naam Custer diel oan 'e Yellowstone Ekspedysje fan it rezjimint en focht er yn 'e Slach by Honsinger Bluff tsjin 'e Lakota. Yn 1874 naam er ek diel oan 'e kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, dêr't goud fûn waard, wat oanlieding joech ta de Goudkoarts fan de Black Hills.

Letter dat jiers joech Custer lieding oan 'e arrestaasje fan it Hûnkpapa-opperhaad Rein-yn-'t-Gesicht, foar de moard op legerdokter John Honsinger it jiers tefoaren. Rein-yn-'t-Gesicht protestearre dat der gjin sprake fan moard wie, mar fan oarlochshannelings; der waard lykwols net nei him harke. Hy waard nei Fort Abraham Lincoln ta brocht, dêr't er yn it tichthûs smiten waard. Nei ferrin fan tiid wist er lykwols te ûntsnappen (of waard er mooglik frijlitten troch Yndiaanske plysjes dy't mei him sympatisearren). Hy flechte doe nei it streamgebiet fan 'e Powderrivier, yn Montana, dêr't er him by de ynfloedrike medisynman Sittende Bolle joech.

Underwilens waard Tom Custer yn 1875 befoardere ta kaptein, wêrnei't him it befel taskikt waard oer C Kompanjy fan it 7e Kavaleryrezjimint, mei twadde luitenant Henry M. Harrington as syn ûnderbefelhawwer. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 sneuvele Custer yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana. Syn C Kompanjy wie dêrby ien fan 'e fiif kompanjyen dy't ûnder befel fan syn broer, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, omrieden om in grut Yndiaansk doarp dat oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn ûntdutsen wie, út it noarden wei oan te fallen. Dy wraam waard troch de Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho lykwols ôfslein, en nei in weromtocht dy't útrûn op in gaoatyske flecht rekken de oerlibbenen fan 'e fiif kompanjyen besingele op in heuveltop, dêr't se oan 'e lêste man ta útrûge waarden. Behalven Tom en George Armstrong Custer kaam dêr ek harren jongere broer Boston om, harren sweager James Calhoun en harren omkesizzer Autie Reed.

Neitiid waard der rûnom fan grute dat Rein-yn-'t-Gesicht, dy't oan 'e Yndiaanske kant yn 'e slach meifochten hie, wraak nommen hawwe soe foar syn ûnrjochtlike finzenskip troch Tom Custer it hert út it liif te snijen. Dy leginde, dy't fan in tige twifelich wierheidsgehalte is, waard ferivige yn it ferneamde gedicht The Revenge of Rain-in-the-Face, fan 'e grutte Amerikaanske dichter Henry Wadsworth Longfellow. Rein-yn-'t-Gesicht sels ûntstried jierren letter yn in petear mei de Dakota-skriuwer en -dokter Charles Eastman dat er Tom Custer deade hie. Yn elts gefal waard it stoflik omskot fan Custer wol goed skeind, want it moast identifisearre wurde oan 'e hân fan in tatoeaazje fan syn inisjalen op syn earm. Custer waard nei de slach provisoarysk begroeven op it slachfjild en in jier letter werbegroeven op it Nasjonaal Begraafplak fan Fort Leavenworth, yn Kansas.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.