Toverland

Toverland
  ferdivedaasjepark
Yngong Toverland" (2018)
Yngong Toverland" (2018)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Horst aan de Maas
plak Sevenum
adres Toverlaan
koördinaten 52° 23' NB, 5° 59' EL
bysûnderheden
type Attraksjepark
eigner Gelissen Group
iepen It hiele jier
oerflak 24 ha
attraksjes 35
achtbanen 5
wetterattr. 5
skiednis
hist. namme Atractiepark Toverland
iepening 19 maaie 2001
gebou
boujier 2001
offisjele webside
Webstee Toverland
kaart
Toverland (Limburch)
Toverland
Lokaasje Avonturenpark Hellendoorn

Toverland is in diels oerdútsen attraksjepark yn Sevenum yn de provinsje Limburch. It is ien fan de jongste attraksjeparken fan Nederlân. Toverland iepene op 19 maaie 2001 as oerdutsen boarterstún en is ûnderwilens útgroeid ta in folweardich attraksjepark.

It attraksjepark is boud op de yntusken ferdwûne Steegberchheide. Dizze heide ferdwûn troch minsklik hanneljen yn de jierren 30 fan de tweintichste iuw. Der waarden greiden en beekjes oanlein lykas de Wertemerloop. Dy't hjoed-de-dei tusken it parkearterrein en it attraksjepark troch rint. Fan 1912 oant en mei 1915 waard in part fan it terrein brûkt foar proefboarrings nei stienkoal. Foar it attraksjepark oer stiet in monumint dat dêr oan tinken docht. It idee foar in oerdekte boarterstún yn Limburch ûntstie wilens in reinbui op it momint dat de famylje Gelissen it Steinerbosk besocht.

Kwa lokaasje wiene ferskate lokaasjes útkeazen lykas Stein en oare plakken yn Súd-Limburch. Om foar in part politike redenen waarden de lokaasjes úteinlik net as geskikt sjoen. In grut stik grûn by it Noard-Limburchske Sevenum, in oantreklike lokaasje om't dêr genoch grûn oanwêzich wie foar eventuele takomstige útwreidings. De oerdutsen boarterstún iepene op 19 maaie 2001.

Toverland iepene as in oerdutsen boarterstún mei ferskate attraksjes, benammen rjochte op jonge bern. Attraksjes fan de earste oere wiene ûnder oare: achtbaan Toos-Express en teekopkes attraksje Theekopjes. De hal hat yntusken ferskate metamorfoazes ûndergien en giet no troch it libben as Land van Toos.

Al yn 2004 waard de earste útwreiding iepene foar it publyk. It bestie út in twadde oerdutsen part ûnder namme Magic Forest, it hjoeddeistige temagebiet Wunder Wald, mei seis attraksjes wêrûnder: roadelbaan Woudracer, Beamstamattraksje Backstroke en cakewalk Villa Fiasco, july 2004 iepene de achtbaan Booster Bike as earste attraksje dy 't him folslein bûten befûn en it begjin fan de omslach fan park foar jonge bêrn nei park foar de folsleine famylje. Yn july 2007 waard achtbaan Troy iepene de heechste en langste houtene achtbaan fan de Benelúks. De achtbaan is 35 meter heech en 1.077 meter lang. Yn 2013 iepene wyldwetterbaan Djengu River. Yn 2015 waard roadelbaan Blitz Bahn iepene as ferfanger fan de roadelbaan Woudracer út 2004. Yn de jierren 10 fan de 21e iuw folgen er fierdere útwreidingen en mear attraksjes.

Ferneamde attraksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Iepene Opm.
Booster Bike 2004
Djengu River 2013
Toos Expres 2001 Earste achtbaan fan Toverland. Hjitte earst Boomerang
Theekopjes 2001
Expedition Zork 2004 Hjitte earst Backstroke
Dwaalhof 2001 Hjitte earst Doolhof
Troy 2007 Heechste en langste houtene achtbaan fan de Benelúks.
Dwervelwind 2012
Fēnix 2018 Earste Wing Coaster fan de Benelux, de fiifde achtbaan yn Attractiepark Toverland en de earste attraksje yn Toverland mei Ynverzjes.
Pixarus 2023
Scorpios 2010
Maximus' Blitz 2015 Maximus' Blitz ferfangt yn 2015 de Woudracer, in roadelbaan út 2004

Ferdwûne ferneamde attraksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Iepene Ofbrutsen Opm.
Woudracer 2004 2014 Ferfongen troch de nije roadelbaan Maximus' Blitz.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL