Vancouver Film Studios | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Vancouver (Britsk-Kolumbia) | |
oprjochte | 1998 | |
mem | McLean Group of Companies | |
offisjele webside | ||
www.vancouverfilmstudios.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Vancouver.
|
De Vancouver Film Studios binne in studiokompleks yn Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, dêr't de opnamen foar films en tillefyzjeprogramma's plakfine. It bedriuw ûntstie yn 1998 en is ûnderdiel fan 'e McLean Group of Companies.
Yn 'e krite oan Boundary Road en Grandview Highway kocht de McLean Group of Companies foar it earst lân oan yn 'e iere 1980-er jierren. Doedestiden stiene dêr in kadowinkel, in matrassefabryk, in mitselderij, in kleansteamerij, in bakkerij, in elektroanikawinkel, in lifttestfasiliteit, in gruthannel yn ark en reau en in sigarettefabryk.
Yn 1987 waarden troch McLean de gebouwen fan 'e eardere Northstar International Studios oankocht, dêr't it bedriuw him foar it earst mei op it mêd fan 'e filmyndustry bejoech. Tusken 1987 en 1997 waarden mear gebouwen yn itselde gebiet oankocht en by it studiokompleks foege, dat yn 1998 weroprjochte waard ûnder de namme fan 'e Vancouver Film Studios. Dêrnei waard yn 1999 úteinset mei de bou fan nije soundstages. It earste part dêrfan kaam yn 2000 ree.
Tsjintwurdich beslane de Vancouver Film Studios mear as 12 ha grûn, mei tolve soundstages dy't fariëarje yn grutte fan 1.160 m² oant 1.960 m².
In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Vancouver Film Studios opnommen binne:
Yn 'e Vancouver Film Studios binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas Fringe (100 ôfl., 2008-2013), Bates Motel (60 ôfl., 2013-2017), Arrow (167 ôfl., 2012-2020), Siren (36 ôfl., 2018-2020), Lost in Space (28 ôfl., 2018-2021) en Motherland: Fort Salem (30 ôfl., 2020-2022).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |