| |||||
Gemeente | De Fryske Marren | ||||
Ynwennertal (2012) | 681 | ||||
Webstee | Webstek Wikel |
Wikel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan de Sleattemer Mar. It doarp hat likernôch 650 ynwenners (2023).
Yn de buorren stiet de Fêste Boarchtsjerke, de herfoarme tsjerke út de 14e iuw. Doe wie it in krústsjerke, no in sealtsjerke dy't wijd wie oan Sint Gregoarius. De liedklok is fan 1388. Yn de tsjerke leit it prielgrêf fan baron Menno van Coehoorn (1641-1702) de ferneamde festingbouwer. It leit tusken de grêfstiennen fan syn soannen Hindrik Casimir († 1756) en Gozewijn Theodoor († 1736). En stiennen foar in skoansoan fan Gozewijn Theodoor fan Coehoorn, Frederik Willem fan Limburg Stirum († 1747) en Menno syn dochter Geertruyd Alegonde († 1737). Oan de râne fan Wikel leit it oan de Menno van Coehoornbosk. Yn dy bosk, ek wol de "Du Toursbosk" neamd, stie fan likernôch 1680 oant 1811 it slot Meerenstein fan de baron Van Coehoorn. Dêr steane ek in soad stinzeplanten. De bosk wurdt beheard troch It Fryske Gea.
Yn Doarpshûs Irene hat de feriening foar Pleatslik Belang syn gearkomsten. Op it iepen plak yn de bosk leit no de iisbaan.
De Vinkebuorren, Dokter Hattinkstrjitte, Du Toursstrjitte, Festing, Gaastfjurwei, Heerenhoogwei, Iwert, J Hornstrawei, Jachtlustwei, Lynbaan, Lunenburchpaad, Menno van Coehoornwei, Meerenstein, Munnikeleane, Sânmar, Vogelzangwei.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|