Willem Elsschot

Willem Elsschot
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alphonsus Josephus de Ridder
nasjonaliteit Belgysk
berne 7 maaie 1882
berteplak Antwerpen (Flaanderen)
stoarn 31 maaie 1960
stjerplak Antwerpen (Flaanderen)
etnisiteit Flaamsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre lit. romans, poëzij, non-fiksje
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Lijmen / Het Been
Kaas
jierren aktyf 19131960
offisjele webside
www.weg.be

Willem Elsschot, pseudonym fan Alfons de Ridder (folút:Alphonsus Josephus de Ridder; Antwerpen, 7 maaie 1882 – dêre, 31 maaie 1960) wie in Flaamsk skriuwer en dichter, dy't fan berop yn 'e reklamebrâns siet. Hy is benammen bekend wurden troch syn romansyklus Lijmen / Het Been, en mei syn novelle Kaas. Hoewol't syn oeuvre net grut is (hy wie in sinnich skriuwer, dy't lang yn syn wurk omskraste en die), wurdt Elsschot beskôge as ien fan 'e grutste Flaamske auteurs ea. Boeken fan sines binne oerset yn it Frânsk, Ingelsk, Dútsk, Italjaansk, Spaansk, Tsjechysk, Esperanto en Frysk. Fierdersoan binne seis fan syn romans ferfilme.

Willem Elsschot waard yn 1882 yn Antwerpen berne as de soan fan in bakker. As bern brocht er faak syn simmerfakânsjes foar in diel troch by syn omke yn it doarp Blauberg. Oan it natuergebiet Helschot, fuort dêrby, ûntliende er letter syn pseudonym. Elsschot genoat syn oplieding oan it Keninklik Ateneum en it Hoger Handelsgesticht (no it Ryksuniversitêr Sintrum Antwerpen), dêr't er yn 1904 ôfstudearre. Foar it ateneum died er nea eksamen om't er der fan skoalle stjoerd waard. Wol ûntdiek er dêr syn leafde foar literatuer.

Nei't er syn oplieding ôfrûne hie, oefene Elsschot in ferskaat oan beroppen út, sawol yn Antwerpen as yn Brussel, Parys, Rotterdam en Skiedam. Yn dat lêste plak wied er hannelskorrespondint op it kantoar fan in skipswerf, dêr't er letter de General Marine and Shipbuilding Company yn Kaas op basearje soe. Fan 1912 ôf wurke Elsschot as advertinsje-akwisiteur foar it tydskrift La Revue Continentale Illustrée: Industrie, Finance, Commerce, Éducation fan syn freon Jules Valenpint, dy't letter yn syn romansyklus Lijmen / Het Been opdûke soe as it personaazje Boorman (Elsschot syn eigen alter ego is yn dy boeken de haadpersoan Laarmans). La Revue wie dêryn omneamd ta it Algemeen Wereldtijdschrift voor Financiën, Handel, Nijverheid, Kunsten en Wetenschappen. It echte blêd waard ûnder de Earste Wrâldoarloch opdoekt fanwegen de minne ekonomyske omstannichheden.

Neitiid wie Elsschot wurksum as siktaris fan it Nationaal Comité voor Hulp en Voeding, yn Antwerpen, en doe't de oarloch ien kear foarby wie, rjochte er syn eigen reklameburo op. Oan syn dea ta stied er oan it haad dêrfan. Behalven echte reklame-uterings lei er him datoangeande ek fral ta op it gearstallen fan tinkboeken foar bedriuwen en winkelferienings. Teffens joech er fiif kear de Almanak der Kroostrijke Gezinnen út. Yn 1930 krige er in keninklike oanbefelling foar in rom fan advertinsjes foarsjoen tinkboek by it hûndertjierrich bestean fan Belgje. Nettsjinsteande dat er suver syn hiele karriêre yn 'e reklamebrâns siet, hied er sels in grutte ôfkear fan reklame. Koart foar syn dea yn 1960 seid er: "Net allinnich walgje ik fan reklame, mar ek fan 'e kommersje yn it algemien. [...] Ik moast wol reklame bedriuwe, want fan myn pin haw ik nea libje kind."

Hoewol't er troud wie en in soan hie, naam Elsschot it mei de houlikstrou net sa nau. Sa hied er fan 1946 oant 1951 in relaasje mei de dichteresse Liane Bruylants. Neffens dy har sizzen hied er yn dyseldichste snuorje ek noch in affêre mei in fierders ûnbekend bleaune frou. Op 31 maaie 1960 ferstoar Elsschot, nei gedachten oan in hertynfarkt, yn syn bertestêd Antwerpen, yn 'e âlderdom fan 78 jier. Syn frou Fine stoar de deis dêrop. Elsschot waard kremearre, wêrnei't syn jiske mei it lichem fan syn frou begroeven waard op it begraafplak Schoonselhof.

Postúm waard Elsschot de Belgyske Steatspriis foar de Literatuer takend. Yn 1994 waard in brûnzen stânbyld fan him (makke troch Wilfried Pas) oprjochte op it Mechelseplein yn Antwerpen en yn 1999 waard it Willem Elsschot Genoatskip stifte, dat him mei in oanhâldende stream publikaasjes aktyf ynset foar it behâld en de fersprieding fan Elsschot syn wurk.

Romans en novelles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1913 – Villa des Roses
  • 1921 – Een Ontgoocheling
  • 1921 – De Verlossing
  • 1924 – Lijmen
  • 1933 – Kaas
  • 1934 – Tsjip
  • 1937 – Pensioen
  • 1938 – Het Been (inkeld ferskynt yn kombinaasje mei it nau besibbe Lijmen ûnder de titel Lijmen / Het Been)
  • 1940 – De Leeuwentemmer
  • 1942 – Het Tankschip
  • 1946 – Het dwaallicht
  • 1934 – Verzen van Vroeger
    • wêrûnder
      • 1934 – Spijt
      • 1934 – Het Huwelijk
        • Fryske oersetting: It Houlik (fert. Atze Bosch, 2007)

Fan syn reklamewurk út

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Almanak der Kroostrijke Gezinnen (fiifris ferskynd)
  • 1957 – Verzameld Werk
  • 1979 – Zwijgen Kan Niet Verbeterd Worden: Ongebundelde Teksten (mei jeugdgedichten, sjoernalistyk wurk, in brief oan syn soan)
  • 2001-2006 – Volledig Werk (11 dielen)
  • 2005 – Verzameld Werk

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen en Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.