Wjelsryp

Wjelsryp
Galemawei
Galemawei
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 455 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 5,95 km², wêrfan:
- lân: 5,83 km²
- wetter: 0,11 km²
Befolkingsticht. 78 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 09' N 5° 36' E
Offisjele webside
Side fan Wjelsryp<
Kaart
Wjelsryp (Waadhoeke)
Wjelsryp

Wjelsryp is in doarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. Wjelsryp leit oan de Frjentsjerter Feart, likernôch 5 km. súdeastlik fan de stêd Frjentsjer, op in langhalige kwelderwâl dy't al foar Kristus bewenne wie. Under it doarp Wjelsryp hearre ek de buorskippen 't Heechhout, Tsjeppenbûr en De Westerein.

It doarp hat 455 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

By terpôfgravings yn Wjelsryp binne munten, diggelguod en in gouden ring út de Romeinske tiid fûn

Protestantske Ursulatsjerke

De tsjerke giet werom op de 11e iuw en wie foar de reformaasje oan de hillige Ursula wijd. Yn 1834 is de sealtektoer ynstoart. Yn it plak fan de toer kaam op de tsjerke in dûknekkich spitske. Wjelsryp en Baaium foarmje tegearre in tsjerklike gemeente.

Oan 'e westkant fan it doarp stie eartiids op it plak dêr't no de pleats Op 't Heechhout stiet de Rumeda State.

Op 21 novimber 1960 fûn der in slim fleantúchûngelok plak yn Wjelsryp. In Thunderstreak-strieljager stoarte del op it pleatske fan de famylje Postma. Tsjerk en Richtsje Postma en harren 4 bern Tryntsje, Aaltsje, Willem en Gerrit binne hjirby ferstoarn. Se waarden te hôf brocht op it tsjerkhof fan Wjelsryp. Ek de piloat Jacques Snijders oerlibbe it ûngelok net.[3]

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Wjelsryp diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn de nij foarme gemeente Littenseradiel te lizzen. Op 1 jannewaris 2018 waard Littenseradiel opdield en kaam Wjelsryp yn gemeente De Waadhoeke te lizzen.

Wjelsryp hat in doarpsbelang en in soad aktiviteiten fine plak yn it doarpshûs Yn 'e Mande. It doarpsfeest wurdt altiten yn juny organisearre.

Wjelsryp waard eartiids ek wol It Hillige Lân neamd en de skelnamme fan de ynwenners is fjurkemigers.[4]

Greate Buorren
De Wikipedy hat ek in side Ursulatsjerke (Wjelsryp).

Herfoarme gemeente Wjelsryp-Baaium

Piebengastate

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside.)

Wjelsriper Opfeart

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2007 2009 2013
Ynwenners 348 509 469 453 455 450 489 495 452
Jier 2015 2022
Ynwenners 463 450

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Oasterein 8

De doarpskom leit yn it noarden: de Greate Buorren mei útienrinnende bebouwing fan boarger- en arbeiderswenten út foaral de 19e iuw. De strjithoeke oan de Galemawei wurdt markearre troch in notabele wenning. Oan de oare kant lizze bûten de doarpskom twa kop-romppleatsen. Súdlik leit de frij hege, keale terp mei dêr njonken stiet de pastorije, in karakteristike wenning út 1877 op in fjouwerkante plattegrûn mei útboude middenpartij.

Fuort súdwest fan 'e Ursulatsjerke folget de Lytse Buorren mei 19e-iuwske bou, mar yn súdlike rjochting ek jongere huzen, sels oant folkshúsfesting fan nei de oarloch ta. De skoalle út 1921 stiet op 'e hoeke mei de Galemawei mei dêrfoaroer frijsteande gebouwen mei ûnder mear in stjelppleats en in grutte notabele wente, dy't lykas de pastorije in fjouwerkant grûnplan hat.

Noch fierder súdwestlik rint de Frjentsjerter Feart troch de doarpsbebouwing, hoewol't oan 'e súdwestkant fan dat wetter mar in bytsje huzen mear steane. It eigentlik Wjelsryp wurdt fan 'e byhearrende buorskip De Westerein ôfsnien troch de provinsjale wei N384, wêrfan't it trasee tusken Winsum en Frjentsjer yn 1977 oanlein waard en dy't pleatslik bekend stiet as de Suderpolderwei. Likernôch in heale km besuden Wjelryp leit de brêge yn de N384, dêr't de wei de Frjentsjerter Feart krúst.

't Heechhout, De Warren, Frjentsjerterpaad, Galemawei, Grutte Buorren, Iestwei, Lytse Buorren, Nije Buorren, Noarderein, Oasterein, Pastoryleane, Stjelpdyk, Suderpolderwei, Terpwei, Tillewei, Tsjeppenbûr, Westerein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ut 'e Buorfinne. (Yn de oktober- en desimbernûmers stiet mear oer de fleantúchramp.)
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Youtube, filmke Nederlânsk Ynstitút Byld en Lûd
  4. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker