Wout Zijlstra (Wolsum, 4 augustus 1964) is in profesjoneel Nederlânsk krêftsporter.
Wûn yn 1991, 1992, 1993 en 1995 de titels Sterkste Man fan Fryslân en Sterkste man fan Nederlân yn 2001. Hy wie in grutte konkurrint fan Berend Veneberg en hy hat him nei syn ‘Sterkste man kompetysjes’ taret op de Highland Games, sawol nasjonaal as ynternasjonaal. Boppedat hat hy ek twaris de Alvestêdetocht riden en útriden.
Zijlstra is wrâldrekordhâlder ‘gewicht heechsmite 25 kilo’, dat ûnderdiel útmakket fan de Highland Games en guon ‘sterkste man’ wedstriden. Syn rekord stiet op 5,70 meter.