Cees Andriesse

Cees Andriesse

Cornelis Dirk (Cees) Andriesse (Ljouwert, 21 desimber 1939) is in Nederlânsk natuerkundige, skriuwer en wittenskipshistoarikus. Tsjintwurdich wennet hy yn Arnhim.

Andriesse rûn it stedsgymnasium yn Ljouwert troch. Gerrit Dijkstra, de learaar Dútsk, dy't promovearre wie op it literêre wurk fan Eeltsje Halbertsma, learde him en in pear oaren nei skoaltiid Frysk te sjongen en te lêzen en te skriuwen. Letter studearre hy technyske natuerkunde oan de Technyske Hegeskoalle Delft. Hy wie der aktyf yn de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, spesjalisearre him yn strielingsfysika en behelle syn yngenieursdiploma yn 1965. Yn 1969 promovearre hy op in proefskrift oer it ferstruien fan neutroanen oan gasfoarmich argon.

Dêrnei wurke hy by de Kapteyn Stjerrewacht yn Roan, ûnderdiel fan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1978 berekkene hy as earste de strieling fan ynterstellêr stof mei in fluktuearjende temperatuer.[1] Pas nei de iuwwiksel koe út ynfraread - waarnimmingen yn de romte ôflaat wurde dat it troch him berekkene spektrum karakteristyk is foar alle stjerrestelsels. Yn 1979 kaam hy mei in teory foar it massaferlies fan stjerren.[2]

Fluktuaasjeteory

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klassyk binne der twa ferklearrings foar it massaferlies fan stjerren troch stjerwyn. By stjerren mei in grutte ljochtsterkte is strielingsdruk de driuwende krêft; by swakkere stjerren as de sinne wurdt de stjerwyn dreaun troch meganyske effekten as skokweagen of magnetyske fjilden. Oant hokker nivo de stjerwyn oanboazet, is ôfhinklik fan tafallige eigenskippen fan it meganisme. De sterkte fan de wyn is net ienfâldich yn ferbân te bringen mei de basiseigenskippen fan de stjer (massa, striel, ljochtsterkte).

De fluktuaasjeteory fan Andriesse is op te fetsjen as in omklaaiïng om de twa neamde teoryen. Om hokker teory dy omklaaiïng hinnesit, docht der net safolle ta, mits dat meganisme oan bepaalde easken foldocht. Sa moat de stjerwyn de foarm hawwe fan pufkes dy’t sa útsprutsen binne, dat se it lykwicht fan de stjer as gehiel oantaaste. Pas nei ’t ferheljen fan it lykwicht kin in folgjend pufke plakfine.

Andriesse syn fluktuaasjeteory wit wol in ferbân te lizzen tusken de sterkte fan de stjerwyn en de basiseigenskippen fan de stjer. Omklaaiende teoryen lykas dy binne yn de stjerrekunde lykwols ûngewoan. Fluktuaasjes wurde ek earder fuort tocht, dan se as útgongspunt te nimmen. Doe’t de fluktuaasjeteory, dy’t Andriesse noch hieltyd as syn beste prestaasje beskôget,[3] ûnfoldwaande oansloech, ferliet hy in 1980 teloarsteld de stjerrekunde.

Hy die by de KEMA yn Arnhim ûndersyk nei de feiligens fan kearnreaktors. Yn dat ramt die hy ûnder oare smelt-eksperiminten mei lytse bytsjes radio-aktive spjaltstof. Yn dy perioade foel yn 1986 de kearnramp fan Tsjernobyl foar. Wat Andriesse mei grutte hoedenens op miniatuerskaal yn in befeilige laboratoarium die, barde dêr yn it grut oan ‘e bûtenlucht.

Yn 1989 waard Andriesse bûtengewoan heechlearaar yn de elektrisiteitsfoarsjenning oan de Ryksuniversiteit Utert, betelle troch de KEMA. Der ûntstie ophef, doe’t hy him yn de eagen fan de KEMA te negatyf útliet oer de feiligens fan kearnsintrales.[4] Uteinlik ûntsnapte hy oan it konflikt troch yn Utert gewoan heechlearaar enerzjyfysika te wurden. Yn dizze funksje socht hy ûnder oaren út wêrom't planten in stik minder enerzjy út sinneljocht helje as sinnesellen. De oan- en ôffier fan stof (molekulen) binnenyn plantesellen is de knipe.[5] Foar it ECN die hy ûndersyk nei de Hegetemperatuerreaktor.[6] Yn 2002 gie hy mei emeritaat. Dêrnei wie hy noch aktyf by it ynstitút foar de Skiednis en Grûnslaggen fan de Wiskunde en Natuerwittenskippen (IGG) fan de Universiteit Utert.

Prof. dr. yr. Andriesse hat him hiel wat kearen yn it publyk debat jûn. Begjin 2007 liet hy syn twivels út oer de wize hoe’t it bedriuw Urenco omgie mei radio-aktyf ôffal.[7] Ein 2007 naam hy it op foar de Nobelpriiswinner Peter Debye, doe’t der twivels opkamen oer syn hâlden en dragen yn nazy-Dútslân. Nei it kearnûngelok fan Fukushima yn 2011, sei er yn it radioprogramma Argos dat de kearnsintrale fan Borssele yn it ferline mear as ien kear oan in ramp ûntsnapt[8] wie.

Nei syn fjirtichste is Andriesse foar in algemien publyk begûn te skriuwen. Yn syn romans nimt hy ôfstân fan de eksakte wittenskip en ropt hy op in dichterlike, faak grillige wize bylden op fan in ûntregele wrâld. Fan syn histoaryske wurken kriich it earste, “Titan kan niet slapen”, in plak op de longlist foar de AKO Literatuerpriis fan 1994. "De opstand" (2003) biskriuwt de Frjentsjerter Akademy oan it ein fan de achttsjinde iuw, en giet benammen oer de patriottyske heechlearaar Gadso Coopmans (1746-1810) dy't yn 1787 syn akademyske frijheid kwytrekke en fuort moast.

  • Een boudoir op Terschelling, roman, útjouwerij Contact, Amsterdam, 1987, ynnaaid, 118 bledsiden, ISBN 978-90-254-6764-7
  • Het hemelse landschap, novelle, útjouwerij Contact, Amsterdam, 1989, paperback, 89 bledsiden, ISBN 978-90-254-6808-8
  • De opstand, histoaryske roman, útjouwerij Contact, Amsterdam, 2003, paperback, 206 bledsiden, ISBN 90-254-2169-5
  • Urania of de werkelijke wereld, roman, útjouwerij Contact, Amsterdam, 2009, paperback, 127 bledsiden, ISBN 978-90-254-3062-7
  • Alsnog een portret voor Heinsius - Geschiedenis van de Vrede van Utrecht, Histoaryske roman, Walburg Pers, Zutphen, 2011, paperback, 224 bledsiden, ISBN 978-90-57-30766-9
  • De diefstal van Prometheus, essays, útjouwerij Contact, Amsterdam, 1985, paperback, 144 bledsiden, ISBN 978-90-254-6513-1
  • In perspectief, een dozijn essays over energie, earder útkaam yn Energiespectrum, tydskrift fan it Energieonderzoekcentrum Nederland (ECN) tusken juny 1990 en oktober 1991, útjûn troch ECN yn desimber 1991, ISBN 90-375-0281-4
  • Titan kan niet slapen, biografy fan Christiaan Huygens, Olympus Pockets,2007, paperback, 416 bledsiden, ISBN 978-90-467-0139-3, tredde printinge fan de oarspronklike útjefte út 1993
  • De republiek der kerngeleerden, oer de skiednis fan de kearnsintrale Petten fan 1962 oant 1984, útjouwerij Betatext, Bergen (Noard-Hollân), 2000, ynbûn, 272 bledsiden, ISBN 978-90-755-4105-2, besprek
  • Huygens, The Man Behind the Principle, wittenskiplike biografy fan Christiaan Huygens, Cambridge University Press, Cambridge, 2005, ynbûn, 440 bledsiden, ISBN 0-521-85090-8
  • Dutch Messengers, A History of Science Publishing 1930-1980, Brill, Leiden, 2008, ynbûn, 291 bledsiden, ISBN 978-90-04-17084-1
  • Het melancholieke genie, autobiografy, útjouwerij Contact, Amsterdam, 2004, paperback, 189 bledsiden, ISBN 978-90-254-1949-3

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Platt Particles in M17?
  2. Fluctuation Theory of the Mass Flux from the Stars
  3. A.J. Köbben & H. Tromp, De onwelkome boodschap, Mets, Amsterdam (1999) p 73: In Groningen ontwikkelt hij [Andriesse] theoretische ideeën die hem grote voldoening geven en waarover hij zich later nog in lyrische termen uitlaat … ‘het beste dat ik gepresteerd heb.’
  4. De etalageprofessor
  5. Minimum entropy production in photosynthesis (pdf) naschrift
  6. Het einde van de HTR?
  7. Urenco dumpt nucleair afval in Rusland, 29 jannewaris 2007, Trouw
  8. Borssele meermaals ontsnapt aan ramp, Volkskrant, 26 maart 2011