Denham Film Studios | ||
De Denham Film Studios yn 1938. | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Denham (Ingelân) | |
oprjochte | 1935 | |
opdoekt | 1952 | |
oprjochter | Alexander Korda | |
kaart | ||
Lokaasje yn Ingelân.
|
De Denham Film Studios wiene in Britsk studiokompleks, dat yn 1935 yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire oprjochte waard troch filmprodusint sir Alexander Korda. Bekende films dy't yn it kompleks opnommen waarden, binne The Thief of Bagdad, The Life and Death of Colonel Blimp, Brief Encounter en Great Expectations. Fan 'e 1950-er jierren oant de ein fan 'e 1970-er jierren waard it studiokompleks brûkt foar it opnimmen fan soundtracks foar films. Yn 1980 waard it kompleks ferkocht en in diel fan 'e gebouwen waard sloopt, wêrnei't der op it plak fan 'e eardere studio's kantoaren kamen. Tsjintwurdich binne der wennings fêstige.
De Denham Film Studios waarden yn 1935 oprjochte troch de fan oarsprong Hongaarske filmprodusint sir Alexander Korda by it doarp Denham yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire, net fier fan Grut-Londen ôf. It studiokompleks, wêrfan't de gebouwen ûntwurpen waarden troch de arsjitekten Walter Gropius en Maxwell Fry, kaam te stean op in perseel grûn mei in oerflak fan 66,8 ha, dat earder bekendstien hie ûnder de namme 'The Fisheries'. It wie mids 1930-er jierren it grutste filmstudiokompleks yn it Feriene Keninkryk.
It studiokompleks waard in skoft lang de London Film Studios neamd, nei it filmproduksjebedriuw fan Korda, London Films. Letter fusearre it kompleks mei de 4 km súdliker boude Pinewood Studios ta de D&P Studios. Nei't it skynt hiene filmmakkers in foarkar foar de Denham Film Studios, sadat Pinewood yn 'e Twadde Wrâldoarloch inkeld brûkt waard foar opslach fan û.m. dekôrstikken.
Guon fan 'e bekendste films dy't yn 'e Denham Film Studios filme waarden, wiene The Thief of Bagdad (1940), The Life and Death of Colonel Blimp (1943), Brief Encounter (1945), en Great Expectations (1946). Yn 'e oarloch wie de neite fan it Denham Aerodrome, dat in doelwyt fan Dútske bombardeminten wie, soms problematysk. Sa waarden de opnamen fan in yntime sêne fan aktrise Mary Morris mei har tsjinspiler Leslie Howard foar de film "Pimpernel" Smith 22 kear ûnderbrutsen troch it leven fan oerfleanende bommesmiters. De lêste film, Disney's The Sword and the Rose waard yn 1952 yn 'e Denham Film Studios opnommen (en kaam yn 1953 yn 'e bioskoop).
Neitiid waard it Stage One Music Theatre, dat yn 1946 oan it kompleks tafoege wie foar it opnimmen fan filmmuzyk, fan 'e 1950-er jierren oant en mei de 1970-er jierren noch wol brûkt foar de opnames fan 'e soundtracks fan ferneamde films as Vertigo (1958) fan Alfred Hitchcock, The Three Worlds of Gulliver (1960), The Mysterious Island (1961), Chitty Chitty Bang Bang (1968), Jane Eyre (1970), Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), Superman (1978), Alien (1979), en Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). De rest fan it studiokompleks waard troch The Rank Organsation, in Britske filmstudio, fan 1955 oant 1961 ferhierd oan 'e Amerikaanske Loftmacht en dêrnei brûkt foar kantoarromte en opslach.
Yn 1980 waard it eardere studiokompleks ferkocht oan in projektûntwikkeler. De gebouwen op it súdlike diel fan it terrein waarden yn 1981 sloopt om romte te meitsjen foar nije kantoaren en mânske tunen dy't foar hichteferskillen gebrûk makken fan it sloopôffal fan 'e eardere soundstages. De tunen, ûntwurpen troch Preben Jakobsen, binne no opnommen yn it Britske Register fan Histoaryske Parken en Tunen. It haadgebou fan it eardere studiokompleks, yn it noarden fan it perseel, bleau as iennichste diel fan 'e Denham Film Studios beholden om't it de (monumintale) status fan in Listed Building (Grade II) hat. Yn 2017 waarden fan dat haadgebou en it omlizzende lân lúkse apparteminten foar partikulieren makke.
In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Denham Film Studios opnommen waarden:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |