Ford (eilân)

Ford
It eilân Ford yn 'e lagune Pearl Harbor.
It eilân Ford yn 'e lagune Pearl Harbor.
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Hawaï
county Honolulu County
sifers
ynwennertal 368 (2000)
oerflak 1,8 km²
befolkingstichtens 206,7 / km²
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid gjint
koördinaten 21°21′50″ N 157°57′37″ W

Ford, yn it Ingelsk: Ford Island (Hawaïaansk: Poka ‘Ailana), is in lyts eilantsje yn 'e Amerikaanske steat Hawaï. It leit midden yn 'e lagune Pearl Harbor, oan 'e súdlike kust fan it (folle gruttere) eilân Oähû, fuort bewesten de Hawaïaanske haadstêd Honolulu. It waard yn it ferline ek wol Rabbit Island, Marin's Island of Little Goats Island neamd, en de oarspronklike Hawaïaanske namme is Moku‘ume‘ume.

Geografy en demografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ford besloech yn 1825, doe't it foar it earst opmetten waard, in oerflak fan 135 hektare, dat yn 'e 1930-er jierren oanwoeks ta 178 ha troch it opspuitsjen fan slib út 'e lagune om dy djip genôch te meitsjen foar slachskippen. Oan 'e noardkant is it eilân troch in 1.424 m lange brêge (de Admiral Clarey Bridge) ferbûn mei Halawa Landing op it 'fêstelân' fan Oähû. Neffens offisjele gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo oangeande de folkstelling fan 2000 hie it eilantsje doe 368 ynwenners, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 206,7 minsken de km².

In loftfoto fan Ford út 1930.

Op Ford waard fan âlds troch de lânseigen Hawaïanen op fêste tiden in fruchtberheidsritueel útfierd, wêrby't oan troude pearen dy't gjin bern mar wol in bernewinsk hiene, troch de haadlju foar ien kear oare sekspartners tawiisd waarden. De poppen dy't út dit ritueel fuortkamen, waarden beskôge as de bern fan 'e man mei wa't de mem troud wie, en net fan 'e biologyske heit. Yn 'e 1830-er jierren leine kristlike sindelingen, dy't skandalisearre wiene troch dizze praktyk, it near op it ritueel.

Yn 1818 joech kening Kamehameha de Grutte, de stifter fan it Keninkryk Hawaï, Ford oan 'e Spaanske deserteur Francisco de Paula Marín, as tank foar syn leverjen fan wapens, in feit dat Kamehameha by steat steld hie om Oähû te feroverjen. It eilân kaam doe bekend te stean as Marin's Island. Tsjin 'e 1850-er jierren wie it eilân nei de dea fan Marín wer eigendom wurden fan it Hûs fan Kamehameha; it waard doe ferdield tusken kening Kamehameha IV en hege haadfrou Kekauōnohi, in pakesizzer fan Kamehameha de Grutte. Yn augustus 1865 waard it eilân by opbod ferkocht oan in blanke Amerikaanske ymmigrant, in James I. Dowsett, dy't it yn desimber fan dat jier trochferkocht oan in Caroline Jackson.

Dokter Seth Porter Ford, dy't yn 1851 út Boston wie nei de Hawaï-eilannen kommen wie om him dêr nei wenjen te setten, troude yn juny 1866 mei Caroline Jackson en waard sa eigner fan it eilân, dat neitiid nei him Ford Island neamd waard. Dokter Ford kaam lykwols datselde jiers noch te ferstjerren, en nei't syn soan Seth Porter Ford jr. mearderjierrich wurden wie, ferkocht dy it eilân yn 1891 oan 'e erven John Papa ‘Ī‘ī, dy't der in sûkerreidplantaazje fan makken. Yn 1916 waard it eilân oankocht troch it Amerikaanske Leger om der in fleanfjild oan te lizzen foar de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht). Yn 1919 waard op fersyk fan 'e Amerikaanske minister fan Oarloch Newton D. Baker de súdeastside fan it eilân oerdroegen oan 'e Amerikaanske Marine. It wetter wie dêr nammentlik it djipst fan 'e hiele lagune, dat sadwaande wie dat punt it gaadlikst om in ôfmarplak te meitsjen foar de grutte slachskippen fan 'e marine. De súdeastside fan Ford kaam neitiid bekend stean as Battleship Row.

Tsjin 1939 hie de Amerikaanske Marine it hiele eilân oernommen en wie it ûnderdiel wurden fan it Marinestasjon Pearl Harbor. It fleanfjild waard yn gebrûk nommen troch de loftfearttsjinst fan 'e Amerikaanske Marine, en de rest fan it eilân bestie út barakken en wenten foar marinepersoniel en in basis foar it ûnderhâld fan slachskippen en dûkboaten. Ford, en fral Battleship Row, lei yn 'e frontliny doe't de Japanners op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 de Oanfal op Pearl Harbor útfierden. Dêrby waarden fjouwer Amerikaanske slachskippen en ferskate oare marineskippen ta sinken brocht en yn totaal kamen oan Amerikaanske kant 2.403 minsken om. De Feriene Steaten, dy't har oant dy tiid ôfsidich holden hiene fan 'e Twadde Wrâldoarloch, waarden dêrtroch op abrupte en ûntsjinkearbere wize by it konflikt belutsen.

In tinkteken op Ford, mar op 'e eftergrûn op it wetter it gruttere Tinkteken foar de USS Arizona.

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard yn 1962 by it skipswrak fan 'e USS Arizona, dêr't 1.177 matroazen de dea fûnen, it Tinkteken foar de USS Arizona boud, dat fan Ford ôf berikber is. Op 15 oktober 1966 waard it eilân mei de rest fan 'e marinebasis opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP), en sûnt 1964 is it ek in National Historic Landmark District (NHLD). Sûnt de 1990-er jierren waarden hûnderten miljoen dollars útjûn foar it ûntwikkeljen fan Ford. Behalven fasiliteiten fan 'e Amerikaanske Marine is op it eilân no ek it Pacific Tsunami Warning Center fan 'e NOAA fêstige, en jout it eilân tagong ta it museumskip de USS Missouri. Yn 2010 gie it Marinestasjon Pearl Harbor mei de oanbuorjende Loftmachtbasis Hickam op yn 'e Mienskiplike Basis Pearl Harbor-Hickam, dêr't sadwaande Ford ek by kaam te hearren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.