Fraser Canyon

De Fraser Canyon yn 'e neite fan it plak Fountain.

De Fraser Canyon is in grutte kleau yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. De kleau waard yn it Mioseen troch de rivier de Fraser útsnien yn it Fraserplato, in diel fan it Ynlânsk Plato. Fia de Fraser Canyon sakket de rivier troch smelle rotsingten ôf nei de Fraserdelling, yn it leechlân oan 'e kust. De eastkant fan 'e kleau wurdt foarme troch de Cascades, wylst oan 'e westkant de Lillooet-bergen oprize, dy't ûnderdiel útmeitsje fan it Kustberchtme. De Fraser Canyon is fan it grutste belang foar de ferbining fan súdlik Britsk-Kolumbia mei de rest fan Kanada, mei't troch de kleau twa spoarlinen en in wichtige autosnelwei rinne. De kleau is ferneamd nei de Britske ûntdekkingsreizger Simon Fraser, dy't de krite yn 1808 ferkende.

Yn 'e folksmûle wurdt de Thomson Canyon, tusken Lytton en Ashcroft, ek faak ta de Fraser Canyon rekkene, om't de beide rivierkleauwen ta deselde autosnelweirûte hearre. Mar eins begjint de boppeste útein fan 'e Fraser Canyon justjes streamop fan it stedsje Williams Lake. Dêrwei rint de kleau 270 km yn rûchwei noardlike rjochting, oant de gearfloeiïng fan 'e sydrivier de Chilcotin mei de rivier de Fraser.

It meast ymposante diel fan 'e Fraser Canyon hjit Hell's Gate (letterlik: "Poarte fan de Hel"), en leit fuort streamôf fan it stedsje Boston Bar. Dêr rize de wanden fan 'e kleau op oant likernôch 1.000 m hichte, wylst se op dramatyske wize nei-inoar ta bûge, sadat it hiele wetterfolume fan 'e Fraser troch in gat fan mar 35 m breed parst wurde moat. Toeristen kinne harren dêr mei in gondelbaan (boud yn 1971) boppe de rivier bejaan. Der binne fiskljedders by de riviersigge oanlein sadat de salmen om in ierdferskowing hinne komme kin, dy't dêr by de oanlis fan it Kanadeeske Noardlike Spoar yn 1913 de rin fan 'e Fraser ferlein hat.

Hell's Gate yn 1955.

Fuort benoarden de stêd Lillooet is in oare, mar folle koartere fernauwing fan 'e Fraser Canyon, op it plak dêr't de rivier de Bridge yn 'e Fraser útmûnet. Yn it pre-koloniale tiidrek waard dat plak sadwaande troch de Yndianen brûkt om te fiskjen. De Fraser Canyon einiget tusken Yale en Spuzzum, hoewol't de stêd Hope, dy't 32 km fierder streamôf leit, noch gauris as ûnderdiel fan 'e kleau beskôge wurdt.

Ferskate dielen fan 'e Fraser Canyon hawwe in eigen namme. Sa hjit de ûnderste útein, tusken Yale en Spuzzum, Little Canyon, wylst it diel tusken Spuzzum en Boston Bar, dêr't Hell's Gate ta heart, trochgiet foar Big Canyon, of ek wol Black Canyon ("Swarte Kleau"), mooglik fanwegen de kleur fan 'e rotsen as it reint, of oars nei in histoaryske delsetting dêre dy't bestie ûnder de Goudkoarts fan de Fraser Canyon, yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw. Boppe Big Canyon of Black Canyon lizze efterinoar Lillooet Canyon, Fountain Canyon, Glen Fraser Canyon, Moran Canyon, High Bar Canyon, French Bar Canyon en, hielendal boppe-oan, by Williams Lake, Soda Creek Canyon.

Hast alle sydrivieren dy't yn 'e Fraser Canyon yn 'e rivier de Fraser útmûnje, hawwe eigen in eigen kleau. Sa binne der de Thomson Canyon, de Coquihalla Canyon, de Bridge River Canyon, de Seton Canyon en de Churn Creek Canyon. Fierders hat ek de rivier de Chilcotin ferskate eigen rivierkleauwen, en itselde is it gefal mei de Chilko. Dy kleauwen meitsje net diel út fan 'e Fraser Canyon sels, en likemin is dat it gefal mei de (nettsjinsteande de namme) frij behindige Grand Canyon of the Fraser, dêr't de rivier de Fraser yn 'e Rocky Mountains troch hinne streamt.

De Fraser Canyon.

Oan 'e ûnderste útein fan 'e Fraser Canyon binne argeologyske fynsten opdobbe dy't derop wize dat de Stolo-Yndianen al yn dy krite wenne hawwe fanôf de tiid dat de Frasiergletsjer him oan 'e ein fan 'e lêste iistiid weromloek, om likernôch 10.000 f.Kr. hinne. Fierder streamop leit deunby Pavilion in oar argeologysk fynplak, Keatley Creek, dêr't bewenning tebekgiet oant likernôch 8000 f.Kr. De earste blanken dy't de Fraser Canyon besochten, wiene de leden fan 'e Britske ekspedysje fan Simon Fraser. Dy folgen yn july 1808 de letter nei harren lieder ferneamde rivier út it easten wei hast hielendal oan 'e see ta, foar't se troch fijannige krigers fan 'e Muskwiim-stamme weromdreaun waarden, it binnenlân yn. Ek de Fraser Canyon waard neitiid nei Simon Fraser ferneamd.

Nei't yn 1846 de súdlike helte fan it Oregon-territoarium yn Amerikaansk besit kaam, waard de Fraser Canyon de wichtichste rûte út eastliker dielen fan Kanada wei troch de bergen nei de kust fan Britsk-Kolumbia ta. Sadwaande waard doe troch de kleau de Cariboo Wagon Road oanlein. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw krige de Fraser Canyon foar it earst mei grutskalige kolonisaasje troch de blanken te meitsjen, doe't der yn 'e kleau goud ûntdutsen waard. Dy fynst late fan 1858 oant en mei 1860 ta de Goudkoarts fan de Fraser Canyon, wêrby't mear as 10.500 goudsikers út hiel Noard-Amearika wei op 'e Fraser Canyon ta swaarmen om harren fortún te meitsjen. Hja loeken op har beurt wer oaren oan, lykas lânmjitters, winkellju, bankiers en prostituees. Under de goudkoarts brieken ferskate kearen wapene konflikten út, lykas de Oarloch fan de Fraser Canyon, tusken de blanke goudsikers en de Thompson-Yndianen, en de rige foarfallen dy't no bekend steane as McGowans Oarloch, tusken Amerikaanske goudsikers en it regear fan Britsk-Kolumbia.

Yn 'e 1880-er jierren waard troch de Fraser Canyon hinne it Kanadeesk Pasifysk Spoar oanlein. Dêrfoar moasten krúsjale dielen fan 'e Cariboo Wagon Road wike, om't der yn 'e kleau simpelwei gjin romte wie foar beide. Fan gefolgen waarden stedsjes as Lytton en Boston Bar ôfsnien fan it Kanadeeske wegenet, útsein fia in dreech begeanber weinpaad oer Fountain nei Lillooet. Yn 1904-1905 waard, troch de omlizzende rotsen fuort te blazen mei dynamyt, yn 'e Fraser Canyon romte makke foar de oanlis fan it Kanadeesk Noardlik Spoar (letter it Kanadeesk Nasjonaal Spoar). En yn 1924-1925 waard op deselde wize in autodyk troch de kleau hinne oanlein, nei't de rûte dêrfan yn 1920 mei soarch pland wie. It trajekt waard yn 1926 foltôge mei de oanlis fan 'e (twadde) Alexandria-hingbrêge. De wei kaam bekend te stean as de Cariboo Highway of ek wol Highway 1, oant er yn 1962 ûnderdiel waard fan 'e Trans-Canada Highway.

De Cisco-brêgen, dêr't de beide spoarlinen troch de Fraser Canyon inoar kruse.

Hjoed de dei is de Fraser Canyon noch altyd fan krúsjaal belang foar de lânferbinings fan 'e provinsje Britsk-Kolumbia mei eastliker leine dielen fan Kanada. Twa spoarlinen, it Kanadeesk Nasjonaal Spoar (Canadian National Railway) en it Kanadeesk Pasifysk Spoar (Canadian Pacific Railway) liede noch altyd troch de kleau, en itselde jildt foar de Trans-Canada Highway, de wichstichste Kanadeeske east-westferbining op it mêd fan motorisearre ferkear. Alle trije binne dy ferkearsieren útkurven yn 'e rotswanden fan 'e kleau, wêrby't mei brêgen de sydkleauwen oerspand wurde. By Siska, in eintsje besuden Lytton, binne bygelyks de Cisco-brêgen boud, in pear spoarbrêgen dy't it treinferkear oer in djippe, rotseftige kleau liede.

Sjoen fan it suden nei it noarden rint it Kanadeesk Pasifysk Spoar oan 'e westkant fan 'e kleau, wylst it Kanadeesk Nasjonaal Spoar oan 'e eastkant rint. By Siska wikselje de beide spoarlinen fan kant: de 160 m lange brêge fan it Kanadeesk Pasifysk Spoar stekt oer nei it easten, wylst de 250 m lange brêge fan it Kanadeesk Nasjonaal Spoar oerstekt nei it westen. Tsjintwurdich hawwe de beide ferskillende bedriuwen dy't de spoarlinen eksploitearje de ôfspraak dat alle treinen yn 'e rjochting fan 'e Rocky Mountains yn 'e Fraser Canyon oer it Kanadeesk Pasifysk Spoar geane, wylst alle treinen yn 'e rjochting fan 'e kust it Kanadeesk Nasjonaal Spoar oanhâlde.

De Trans-Canada Highway bestiet behalven út gewoane weitrajekten en brêgen ek út ferskate tunnels. Dat binne de Fraser Canyon Highway Tunnels, tusken Yale en Boston Bar, dy't oanlein binne fan 1957 oant 1964. Der binne yn totaal sân tunnels, wêrfan't de koartste 57 m lang is en de langste 610 m. Yn folchoarder fan súd nei noard giet it om: de Yale Tunnel (boud yn 1963), de Saddle Rock Tunnel (1958), de Sailor Bar Tunnel (1959), de Alexandra Tunnel (1964), de Hell's Gate Tunnel (1960) en de China Bar Tunnel (1961). De Hell's Gate Tunnel is de iennichste dy't gjin ferljochting hat, wylst de China Bar Tunnel de iennichste is dy't in eigen fentilaasjesysteem nedich is. De China Bar Tunnel en de Alexandra Tunnel hawwe warskôgingsljochten dy't aktivearre wurde troch fytsers foar't se de tunnels yngeane. Dêr is ferlet fan om't dy beide tunnels in bocht meitsje, sadat motorisearre ferkear de fytsers net oankommen sjocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.